Fan hjoed ôf kinne boargers en bedriuwen subsydzje oanfreegje foar it ferfangen of fernijen fan in wâl lâns de Fryske farwegen. Dizze subsydzje slút oan op de kaart dy't foarige moanne fêststeld is. Op dy kaart stiet dúdlik werjûn wa't ferantwurdlik is foar it behear en ûnderhâld fan de wâlskanten.

De kaart is te finen opoeversvaarwegen. Dêr is ek op oanjûn foar hokker wâlskanten subsydzje mooglik is. Net alle kanten komme nammentlik yn oanmerking foar subsydzje. Der binne in pear betingsten dêr't in wâl oan foldwaan moat. Sa sjogge wy nei de breedte fan de farwei of de gong fan streaming. Der is yn totaal 385.000 euro jiers oan subsydzje beskikber. De subsydzje fergoedet in part fan de kosten foar it wâlbehear. De úteinlike hichte fan de subsydzje hinget ôf fan de lokale situaasje.

Twa subsydzjeregelingen 

De subsydzje is in gearwurking tusken provinsje, Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân en jildt oant maaie 2026. It binne eins twa subsydzjeregelingen: ien fan de provinsje en ien fan Wetterskip Fryslân. In oanfraach foar subsydzje begjint altyd by de provinsje fia de earder neamde webside. Earst wurdt hifke oft in wâl wol of net yn oanmerking komt foar subsydzje. By in positive útkomst is ek fuortendaliks dúdlik by hokker oerheid de definitive oanfraach yntsjinne wurde kin.