4457 ynbring 6 perselen gerslân en natuergrûn oan en tichteby de Verbindingsweg op It Amelân
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt 6 perselen gerslân en natuergrûn oan en tichteby de Verbindingsweg op It Amelân, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst |
BLM00G 01095 | 0.58.20 ha | 0.58.20 ha |
BLM00G 01134 | 1.92.40 ha | 1.92.40 ha |
NES01F 00537 | 2.92.00 ha | 2.92.00 ha |
NES01F 00538 | 0.98.65 ha | 0.98.65 ha |
BLM00G 00424 | 8.69.20 ha | 8.69.20 ha |
BLM00H 00559 | 2.59.50 ha | 2.59.50 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat dizze ferkeap ûnderdiel útmakket fan in ruiling, dermei ‘t de provinsjale doelen realisearre wurde.
Dizze ferkeap is ûnderdiel fan in ruiling. De ruiljende partij is de meast gerede partij om de provinsjale grûn oan te ferkeapjen omdat de te ferkeapjen grûn ûnderdiel is fan de Natuur Netwerk Nederland (NNN) opjefte, dizze partij der mei har besit al mei eigendom om hinne leit en dêrmei dizze de grûn it bêste yn it totaalsysteem ynrjochtsje kin en nei ynrjochting dizze it meast effisjint beheare kin. Dêrneist leveret dizze partij yn dizze deal koerante ruilgrûn oan de provinsje dy't dizze wer ynsette kin foar har provinsjale doelen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(23-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Botke, berikber op 058 - 292 89 85 of j.botke@fryslan.frl