4476 ferkeap perseel hiem oan Moaije Peal 1 B te Minnertsgea
De provincie Fryslân heeft het voornemen om met een partij een overeenkomst te sluiten voor de verkoop van een perceel erf, grenzend aan de bij koper in eigendom zijnde bedrijfsgebouwen en woning aan Moaije Peal 1B te Minnertsga, zoals hieronder nader staat omschreven:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
MGN01G 01012 | 0.00.81 ha | 0.00.81 ha | 0 |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it neistlizzende perseel fan keaper. Keaper wol it perseel brûke foar eigen hiem en wenning.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28-09-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of grondgebruik@fryslan.frl.