4572 ferkeap perselen -grûn oan de N381 tichteby de Peelrug en de Moskoureed te Donkerbroek

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel PYP-grûn (Provinsjaal Ynpassings Plan) grinzjend oan de N381 tichteby de Peelrug te Donkerbroek en in perseel kultuergrûn oan de N381 tichteby de Moskoureed te Donkerbroek, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
DKB00F 005380.07.75 ha0.07.75 ha
DKB00F 005580.17.96 ha0.17.96 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan it dêrnjonken lizzende kadastrale perseel fan de keaper en de grûn inkeld en allinne fia syn perseel te berikken is. Mei it each op de gebrûksbeheinings dy’t op it momint fan de foarnommen ferkeap fan de PYP-grûn ôfpraat wiene, en it feit dat de te ferkeapjen stripe grûn allinnich grinzet oan perselen dy’t eigendom binne fan de keaper en de provinsje Fryslân, is de provinsje fan betinken dat allinnich keaper yn oanmerking komt) foar de oankeap fan de stripe grûn.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (26-10-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou H. Terpstra-Seepma, berikber op 058 2925925 of h.terpstra@fryslan.frl