4713 ferkeap perseel grûn oan de Ljouwerterdyk/Doniawei yn Hallum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel grûn oan Ljouwerterdyk/Doniawei yn Hallum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
HLM05C 035451.01.50 ha0.00.27 ha1.01.23 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat foar de nedige oanlis en/of útwreiding fan it enerzjynetwurk in transformatorstasjon pleatst wurde moat en dat soks allinnich útfierd wurde kin troch de iennichste netbehearder yn ‘e regio en de provinsje in fergunning ferliend hat foar it pleatsen fan in transformatorstasjon mei de byhearrende kabels en liedingen foar it realisearjen fan de nutsfoarsjenning. 

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28-09-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou J. Palsma, berikber op tillefoan: 058 - 292 59 25 of email: j.palsma@fryslan.frl