4726 ferkeap fan in perseel wâl/wetter lâns it Simmerrak oan de Oppenhuzerwei te Snits
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel wâl/wetter lâns it Simmerrak, ynklusyf de troch keaper oanbrochte wâlbeskoeiïng, lizzend njonken keaper syn terrein oan de Oppenhuzerwei te Snits, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
SNE00C 10862 | 0.01.51 ha | 0.01.51 ha | 0 |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it njonken lizzende perseel fan keaper en de grûn grinzet oan syn perseel. Keaper wol de grûn graach brûke om it by syn eigen terrein ta te heakjen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (23-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl