4757 ynbring 1 perseel grûn oan it Alddjip by Bakkeveen

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt 1 perseel grûn oan it Alddjip by Bakkeveen, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
DWD00C 0063211.47.10 ha11.47.10 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn grinzet oan grûn fan dizze partij, en der gjin oare omlizzende eigener is. It giet tagelyk om ynbring yn in kavelruil. De provinsjale ynbring en tadieling yn de kavelruil is finansjeel opinoar ôfstimd sadat der gjin oer - of ûnderbedieling yn jilden is foar de provinsje. It perseel leit yn it Natuur Netwerk Nederland (NNN), en de werpartij sil dizze grûn tsjin natuerwearde oernimme om as natuer te behearen. De werpartij sjocht dêrby ôf fan oare fergoedings foar it ôfwurdearjen fan de grûn nei natuer.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(09-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

De hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl