4759 ynbring 11 perselen grûn oan syddyk Stellingenweg te Aldeholtpea

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt alve perselen grûn oan in syddyk fan de Stellingenweg te Aldeholtpea, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
WVG00M 003823.41.50 ha3.41.50 ha
WVG00M 003853.10.90 ha3.10.90 ha
WVG00M 003891.07.70 ha1.07.70 ha
WVG00M 003911.93.30 ha1.93.30 ha
WVG00M 003921.87.70 ha1.87.70 ha
WVG00M 003961.47.00 ha1.47.00 ha
WVG00M 004082.34.30 ha2.34.30 ha
WVG00M 003982.98.60 ha2.98.60 ha
WVG00M 003971.44.60 ha1.37.60 ha0.07.00 ha
WVG00M 003993.61.70 ha3.61.70 ha
WVG00M 004043.14.00 ha3.14.00 ha
De yn dy kavel lizzende opstallen mei hiem (sa. 8.600 m 2) en kavel paad (sa. 3.000 m 2) binne net yn dizze transaksje ynbegrepen en wurde kadastraal definityf noch ôfsplitst en binne op de kaart globaal mei wyt oanjûn.
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat werpartij goed lizzende lânbouperselen (sa. 25 bunder), dy't nedich binne as ruilgrûn foar de Natuur Netwerk Nederland (NNN) opjefte, ynbringt yn in kavelruil. De Provinsjale ynbring en tadieling yn de kavelruil is finansjeel opinoar ôfstimd sadat der gjin oer - of ûnderbedieling yn jilde foar de Provinsje is (sletten beurs) en is yn ûnderhanneling ta stân kommen (ûnderhannelingsresultaat). Dizze kavel makket diel út fan it ûnderhannelingsresultaat. De werpartij sil dizze grûnen tsjin natuerwearde oernimme en as natuer beheare. De werpartij is ek neist dy perselen (effisjint behear). It hiem en de gebouwen meitsje eksplisyt gjin diel út fan de ynbring, dit wurdt op dit stuit kadastraal ferwurke.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(09-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

De hear M. E. Spoelstra, berikber op 058 292 8717 of m.e.spoelstra@fryslan.frl