4767 ynbring fjouwer perselen natuergrûn oan de Galamadammen te Koudum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt fjouwer perselen natuergrûn oan de Galamadammen te Koudum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
KDM00I 008078.54.60 ha8.54.60 ha
KDM00I 008060.58.20 ha0.58.20 ha
KDM00I 011350.51.45 ha0.51.45 ha
KDM00I 011300.57.90 ha0.57.90 ha
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat werpartij goed lizzende lânbouperselen (sa. 25 bunder), dy't nedich binne as ruilgrûn foar de Natuur Netwerk Nederland (NNN) opjefte, ynbringt yn in kavelruil. De provinsjale ynbring en tadieling yn de kavelruil is finansjeel opinoar ôfstimd sadat der gjin oer - of ûnderbedieling yn jilde foar de provinsje is (sletten beurs). Dizze kavel makket diel út fan it ûnderhannelingsresultaat. De werpartij sil dizze grûnen tsjin natuerwearde oernimme en as natuer beheare.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(09-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

De hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl