4815 ynbring 2 perselen grûn oan de Schoterlandseweg te Jubbega en de Ljouwerterdyk te Marrum
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt 2 perselen grûn oan de Schoterlandseweg te Jubbega en de Ljouwerterdyk te Marrum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
MDM02K 02845 | 3.72.47 ha | 0.00.11 ha | 3.72.36 ha |
FWD00D 00663 | 5.69.75 ha | 0.00.22 ha | 5.69.53 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat foar de nedige oanlis en/of útwreiding fan it enerzjynetwurk in transformatorstasjon pleatst wurde moat en dat dit inkeld en allinnich útfierd wurde kin troch de ienige netbehearder yn de regio.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(09-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear G. Wijma, berikber op 058 - 292 85 93 of g.j.wijma@fryslan.frl