4825 ferkeap perseel iepenbiere dyk yn de gemeente Dantumadiel
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan yn perseel iepenbiere dyk yn de gemeente Dantumadiel, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
VWD01I 01364 | 0.17.13 ha | 0.17.13 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat it yn stikje iepenbiere dyk is dy't yn it ramt fan de Wet Herverdeling Wegenbeheer oan de gemeente oerdroegen wurdt.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (02-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058-292 5010 of s.steringa@fryslan.frl