4827 ferkeap ferskate perselen wetter (sleatten) yn de gemeente Dantumadiel
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan ferskate perselen wetter (sleatten) yn de gemeente Dantumadiel, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
VWD01I 01027 | 0.02.70 ha | 0.02.70 ha | |
VWD01I 01026 | 0.03.00 ha | 0.03.00 ha | |
AKW00O 00803 | 0.01.90 ha | 0.01.90 ha | |
AKW00O 00806 | 0.05.25 ha | 0.05.25 ha | |
VWD01I 01323 | 0.09.35 ha | 0.09.35 ha | |
VWD01I 01359 | 0.09.10 ha | 0.09.10 ha | |
VWD01I 01367 | 0.42.75 ha | 0.42.75 ha | |
AKW00L 02699 | 0.00.08 ha | 0.00.08 ha | |
AKW00L 02700 | 0.00.01 ha | 0.00.01 ha | |
AKW00L 02701 | 0.16.24 ha | 0.16.24 ha | |
AKW00N 00684 | 1.33.20 ha | 1.33.20 ha | |
AKW00N 00685 | 0.01.40 ha | 0.01.40 ha | |
AKW00N 00688 | 0.21.65 ha | 0.21.65 ha | |
AKW00O 00955 | 0.00.85 ha | 0.00.85 ha | |
AKW00O 00956 | 0.46.55 ha | 0.46.55 ha | |
AKW00O 00985 | 0.57.33 ha | 0.57.33 ha | |
AKW00O 00991 | 0.19.30 ha | 0.19.30 ha | |
VWD01I 01329 | 0.04.45 ha | 0.04.45 ha | |
VWD01I 01375 | 0.02.14 ha | 0.02.14 ha | |
VWD01I 01377 | 0.00.73 ha | 0.00.73 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat it sleatten binne dy't yn it ramt fan de Wet Herverdeling Wegenbeheer oan it Wetterskip Fryslân oerdroegen wurde.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (02-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl