9355 ferhier ûndergrûn fan en wetter by twa stegers yn de Nije Feart yn De Westereen
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan- en wetter by twa stegers yn de Nije Feart yn De Westereen, grinzjend oan it perseel Van Harinxmaloane 31 te De Westereen, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
VWD01G 05375 | 0.67.93 ha | 0.00.03 ha | 0.67.90 ha |
VWD01G 05375 | 0.67.93 ha | 0.00.70 ha | 0.67.23 ha |
VWD01G 05375 | 0.67.93 ha | 0.00.24 ha | 0.67.69 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De ûndergrûn fan de stegers en it wetter by de stegers leit yn provinsjaal wetter en grinzet inkeld en allinnich oan it perseel van hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de stegers ynsette foar it gebrûk fan de besteande stegers. Dêrneist wol hierder it wetter by de stegers mooglik ynsette foar it oanlizzen fan in eigen boat.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de steger.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28-09-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou J. Palsma, berikber op 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl