9414 ferhier lisplak rekreaasje-ark en ûndergrûn steger yn de Nearre Galle te Grou
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in lisplak fan in rekreaasje-ark en ûndergrûn steger yn de Nearre Galle te Grou, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
GRO00G 00914 | 0.63.89 ha | 0.00.80 ha | 0.63.09 ha |
GRO00G 00914 | 0.63.89 ha | 0.00.46 ha | 0.63.43 ha |
GRO00G 00914 | 0.63.89 ha | 0.00.19 ha | 0.63.70 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.
Hierder is eigener fan in rekreaasje-ark mei in lisplak. De ûndergrûn fan de arke en de steger leit yn provinsjaal wetter. De hierder wol de ûndergrûn fan de ark en de steger brûke foar rekreative doelen. By dizze rekreaasje-ark is ûnskiedber ferbûn in buffer wetter.
De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar it hieren fan oanbelangjende ûndergrûn fan de rekreaasje-ark en steger.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (02-11-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl