Bekendmakkingen ûnderhânske transaksjes
Utslutend fêstgoed dat binnen de provinsje net mear foar har doelen of foar in doel fan in oare (semy-)oerheid ynset wurde kin, is oerstallich en kin ôfstjitten wurde. Foar in beheind part fan it oerstallige fêstgoed kin op grûn fan foarôf stelde kritearia it oanbelangjende fêstgoed oan ien spesifike partij gund wurde.
De provinsje hantearret yn har belied de kritearia ûnderhânske útjefte registergoed dy ’t troch DS op 26-09-2023 fêststeld binne. Op basis fan dit beslút mei de de provinsje ûnderhânske fêstgoedtransaksjes - lykas ferkeap, ferhier of ferpachting en ek in kavelruil wêrby't de provinsje grûn ynbringt (grûn ferkeapet) – mei ien spesifike partij slute.
De folsleine tekst fan it beslút fine jo hjir.
De provinsje Fryslân is as oerheid ferplichte om by fêstgoedtransaksjes transparant te hanneljen.
Op basis fan foarmeld beslút, fermeldt de provinsje hjir har foarnommen ûnderhânske fêstgoedtransaksjes - lykas ferkeap, ferhier of ferpachting en ek in kavelruil wêrby't de provinsje grûn ynbringt (grûn ferkeapet) - oan ien spesifike partij.
Dêrneist fermeldt de provinsje yn har wyklikse publikaasjes yn de lokale deiblêden de foarnommen transaksjes. Op dizze wize jout de provinsje ynfolling oan de útspraak fan de Hege Ried fan 26 novimber 2021 (Didam-arrest), wêryn't de regeljouwing neier taljochte is.
It yn de iepenbiere ferkeap steande fêstgoed fine jo op de webside ûnder “Oanbod (te keap)”.
It hjoeddeistige ûnderhânske transaksjes mei íen spesifike partij fine jo hjirûnder: