Minister van Definsje Brekelmans hâldt Rede van Fryslân
Minister fan Definsje Ruben Brekelmans sprekt dit jier de Rede fan Fryslân út. Op tongersdei 5 desimber dielt hy yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert syn fyzje oer frede en feiligens, út Nederlânsk perspektyf wei yn it algemien en Fryslân yn it bysûnder.
Brekelmans: “Friesland speelt een sleutelrol in het bewaken van de vrede en veiligheid in Nederland en Europa. Vanuit hier stegen de F-35’s op om na de Russische invasie in Oekraïne het NAVO-luchtruim te verdedigen. Vanuit hier, een grondstation in Leeuwarden, besturen we de onbemande vliegtuigen die de oostflank in de gaten houden. Nu de dreiging dichterbij komt, bereiden we ons voor en stellen we iedereen de vraag: wat kunt ú doen? Een sterke krijgsmacht en een weerbare samenleving houden de vijand op afstand.’
Kommissaris fan de Kening Brok: “Frede en feiligens is ien fan de meast relevante fraachstikken fan dizze tiid. De oarloch op ús kontinint en konflikten op oare plakken yn'e wrâld hawwe ympakt op ús polityk en maatskippij en feroarje it perspektyf. Wat binne de gefolgen hjirfan foar Fryslân? Ek yn it ljocht fan 80 jier befrijing is it goed om meielkoar stil te stean by wat frede en feiligens foar ús betsjutte.”
Brekelmans (1986) is sûnt 2 july dit jier minister fan Definsje yn it kabinet-Schoof. Hy wie fan 31 maart 2021 oant 2 july 2024 Twadde Keamerlid foar de VVD. Brekelmans hold him as Keamerlid dwaande mei bûtenlânske saken en asyl en migraasje. Dêrfoar wie er programmadirekteur by it ministearje fan Finânsjes en it ministearje fan Justysje en Feiligens. Earder wie er ûnder oare polityk assistint fan de steatssekretaris fan Justysje en Feiligens en konsultant by The Boston Consulting Group (BCG). Hy studearre ekonomy oan de Universiteit fan Tilburg, global politics oan de London School of Economics, en public administration oan Harvard University.
De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan Fryslân in spegel foar mei it each op de takomst. Eardere sprekkers wiene ûnder oare sekretaris generaal fan de Benelúks - Uny Frans Weekers, minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot, publisiste rabbyn Tamarah Benima, minister fan Lânbou Carola Schouten en waarkundige Gerrit Hiemstra.
De Rede is ook te folgjen fia in livestream op de webside fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.