Wy freegje dat jo de ynformaasje hjirûnder sekuer lêze foardat jo it formulier ynfolje.
- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.
- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân, Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, ûnderdiel Materiaal (Kêst 7 ûnder b).
Foar skoalling en oplieding, kulturele aktiviteit of foar frijroasterjen moatte jo it dêrfoar ornearre formulier brûke!
It projektplan moat dúdlik meitsje wêrom’t de oanfrege materialen bydrage oan it duorsum en foar in langere perioade befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis op jo skoalle. Op de webside fan Taalplan Frysk fine jo in oersjoch fan wêr’t in projektplan oan foldwaan moat. Wy freegje jo mei klam dat te rieplachtsjen foar it skriuwen fan jo projektplan. Hjir fine jo in hulpmiddel foar it projektplan.
Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.
- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke.
- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach.
- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.