De provinsje Fryslân freget jo om jo stim te jaan op de list Jong Erfgoed. It giet om markante bou- en keunstwurken of wiken yn Fryslân, dy't makke binne tusken 1965-2000. Hokker dêrfan wolle jo bewarje foar folgjende generaasjes? De list is te finen op online platfoarm  Stim fan Fryslân(eksterne keppeling)

Rode banner met de woorden Stim fan Fryslân -  STIM NO!

Stimfaze fan 6 -17 maart

Fan 6 oant 17 maart kinne jo fiif kear jo stim jaan op de kontrolearre list. 

Wat bart der mei jo stim?

Op 20 maart makket de provinsje bekend wat de top 10 is fan dizze list. Dêrnei komt der in rûte lâns dizze 10 monuminten en in filmke fan de top 3, mei in bekende Fries. De provinsje stjoert de list Fryske jonge monuminten ek nei it ryk ta, om ta te heakjen oan de Jonge Monumentenlijst.

Stim fan Fryslân 

Foar it meidwaan logge jo yn op it online platfoarm Stim fan Fryslân(eksterne keppeling). Dit platfoarm is der sûnt 2022 en is bedoeld om ynwenners te konsultearjen oer politike fragen. Dit platfoarm is der op inisjatyf fan Provinsjale Steaten. Yn 2019 fregen se om better ynformearre te wurden oer de miening fan Friezen.