Utlis infographic stikstoffermindering

Yn de ynfographic wurdt it folgjende ferteld:

Wizen om it útstjitten fan stikstof yn ’e lânbou minder te meitsjen

Bedriuwsfiering omskeakelje

Troch om te skeakeljen nei in oare wize fan bedriuwsfieren, kin it útstjitten fan stikstof troch in agrarysk bedriuw ferlege wurde. Tink dêrby oan it omskeakeljen nei sirkelgong-, natuerynklusive of biologyske lânbou. Underskate regelingen en subsydzjes kinne dy omskeakeling stypje.

Oanpast feefoer

In balansearre aaiwyt-dieet foar it fee soarget derfoar dat der minder stikstof yn ’e dong komt. Dêrtroch wurdt de stikstofemisje lytser.

Dertinne dong útride

Troch dong te fertinjen mei wetter, ferlegest de ammoniakkonsintraasje. Dêrtroch komt by it útriden fan dong minder ammoniak (stikstof) yn ’e loft.

Ko yn't lân

As in ko yn ’t lân rint, minge fêste dong en jarre mar amper mei inoar. Dêrtroch wurdt de stikstofemisje lytser.

Stâlmaatregels

Ynnovative oanpassings yn stâlen kinne bydrage oan it lytser wurden fan ’e stikstofemisje. Tink dêrby bygelyks oan in stâlflier dy’t fêste dong en jarre fan inoar skiedt. Foar it finansierjen fan sokke maatregels kinne yn guon gefallen subsydzjeregelingen brûkt wurde.

Ophâlde

Barge-, melkfee- en plomfeehâlders kinne yn ’e beneaming komme foar subsydzje om frijwillich op te hâlden mei harren bedriuw fia de Landelijke Beëindigingsregeling Veehouderij. Bedriuwen moatte dêrfoar û.o. in beskate hoemannichte stikstofdelslach op Natura 2000-gebieten feroarsaakje.