Kultuerfrou Anke Bijlsma fan Nes (Noardeast-Fryslân) is freed 26 april beneamd ta Ridder yn de Oarder van Oranje Nassau. 

Anke Bijlsma is oprjochter en direkteur fan de Teatertsjerke fan Nes. Se makket har yn de breedste sin fan it wurd al jierren sterk foar kultuer, taal, leefberens, lânskip en natoer yn Noardeast-Fryslân. Bijlsma ferfult in sintrale rol by tal fan projekten en inisjativen dy’t Noardeast-Fryslân op de kaart sette. Noardeast-Fryslân is neffens Bijlsma net de ein fan de wrâld mar it begjin. 

“Bijlsma is in ynspirator en ferbiner yn ieren en sinen. Se wit as gjin oar kultuer yn te setten om minsken, ideeën en parten fan ús lân meielkoar te ferbinen en plattelânstema’s foar in breed publyk ûnder de oandacht te bringen. Se is dêrmei in oprjocht ambassadeur foar de Noardeasthoeke én Fryslân,” sa sei kommissaris fan de Kening Brok yn syn speech. 

Foarbylden fan projekten dêr’t Bijlsma lûker fan wie binne ûnderoaren de Waadopera Peter Grimes, de ‘Dei fan de fiskerij’, de ‘Lêste dagen fan de doarpsgek’, en De Rede fan de Geast. Ek wie se aktyf foar de Landschapstriënale, de provinsje Fryslân, de Stichting Sense of Place en de Garnalefabryk. 

Har maatskiplike belutsens Fierder wie se oprjochter fan de aksjegroep ‘Red de Sionsberg’ yn Dokkum, sette se har yn foar de Stichting Vitale Waddenkust en de gebiedscommissie gaswinning Ternaard. Ek hat se in skoft opstapper west fan KNRM stasjon Lauwerseach. Sûnt 2018 is se direkteur fan de Stifting Theatertsjerke Nes, it noardelikste teater fan de fêste wâl.

Anke Bijlsma luts by har projekten op mei har ferline jier ferstoarne man, keunstner Gerrit Breteler en wurket gear mei har dochter Anne-Goaitske Breteler en Hylke Breteler dy’t beide ek oan de dyk timmerje yn de kultuersektor.