Ynwennersinisjativen
Socht: ynwenners dy 't it better witte én kinne as de provinsje
Daagje jo ús út?
Om de tinkkrêft yn Fryslân mear te benutten, kin de provinsje Fryslân 'útdage' wurde troch ynwenners op in útfierende taak. Dat is it saneamde ‘Rjocht om út te daagjen’, ek wol ‘ Right to Challenge ’ neamd.
Wa kin meidwaan?
It moaie oan it rjocht om út te daagjen is dat elkenien mei in goed plan meidwaan kin: alle ynwenners fan Fryslân, organisaasjes, sels mei-oerheden. It plan moat ynfolling jaan oan besteande útfierende taken fan de provinsje Fryslân. Tink oan bygelyks it betsjinjen fan brêgen, grienûnderhâld of it behear fan natuer.
Wat fersteane wy ûnder ‘better’?
Wy fine jo oanpak better as it mear ‘maatskiplike wearde’ opsmyt as hoe’t it no dien wurdt. Bygelyks trochdat as by-effekt in doarpshûs yn stân bliuwe kin, dat it nije, duorsume oplossingen foar besteande problemen bringt, dat mear natuerfreonlik materiaal brûkt wurdt of dat minsken út de omkriten der op in moaie wize by belutsen wurde.
Wat binne de betingsten?
De wichtichste betingsten dy 't wy oan in útdaging stelle binne yn ‘t koart:
- Jo útdaging smyt mear foar de maatskippij op as hoe’t de oerheid it no docht.
- It giet om in besteande provinsjale taak dêr’t al budzjet foar yn de provinsjebegrutting opnommen is (in taak dy’t de provinsje no sels útfiert of útbesteget), mar it is gjin taak op it mêd fan fergunningferliening, wetlik tafersjoch of bedriuwsfiering.
- Der is draachflak foar it inisjatyf by oare ynwenners as allinnich by de inisjatyfnimmer.
- Jo meitsje it oannimlik dat jo de útdaging foar langere tiid útfiere kinne.
- De útdaging kostet net mear as it hjoeddeistich budzjet, leafst besparret it krekt jild.
- Sjoch hjir foar it folsleine oersjoch fan de betingsten. Eftergrûnynformaasje oer de doelen en oanpak lêze jo yn de Beliedsbrief Rjocht om út te daagjen.
Foarbylden
Der binne al moaie foarbylden fan tapassing fan it rjocht om út te daagjen. Dy binne ûnder oare te finen op: www.righttochallenge.nl/right-to-challenge-voorbeelden-van-r2c
In moai Frysk foarbyld is Natuer mei de Mienskip: www.natuermeidemienskip.nl
Wolle jo in útdaging yntsjinje of mear ynformaasje?
Foar it yntsjinjen fan in útdaging of mear ynformaasje nimme jo kontakt op mei provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.
Wat kinne jo ferwachtsje nei it yntsjinjen fan in útdaging?
Jo inisjatyf wurdt yn behanneling nommen troch in groep adviseurs by de provinsje Fryslân. Uteinlik nimme Deputearre Steaten it beslút (en as it om in hiel grutte útdaging giet mooglik sels Provinsjale Steaten). Jo krije binnen 13 wiken nei it yntsjinjen in beslút.
Wy geane nei't jo útdaging ynkommen is en foardat wy beslute, altyd it petear oan, ek as it inisjatyf net foldocht oan de betingsten fan it rjocht om út te daagjen. As dat wol it gefal is, wurdt der in oerienkomst mei de provinsje sletten. Der wurde dan ôfspraken makke oer de te leverjen prestaasjes, oanspraaklikens, ferantwurdlikheid en de finansjele middels.
Ek nijsgjirrich is de sid Iepen Mienskipsfûns.