De Fryske Flekspool

De Fryske Flekspool is in personiele gearwurking tusken de gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Wy wurkje net foar ien spesifike oerheid, mar foar meardere organisaasjes. De Flekspool foarmet in team fan kwalifisearre meiwurkers dat ynsetber is foar ferskate komplekse en yntegrale opdrachten. Wy wurkje algeduerigen oan grutte útdaagjende projekten yn de moaiste provinsje fan Nederlân én steane mei de fuotten midden yn de mienskip. Dat is de Fryske Flekspool: ien wurkjouwer, mar hieltyd wer in oare baan.

Team Fryske Flekspool

It team fan de Fryske Flekspool bestiet yntusken út 15 kollega’s. Guon fan harren oan it wurd:
  • Janneke de Haan

    Projekten fan de Flekspool freegje ek om mei ferskate groepen ta in droegen plan te kommen. Ik fielde fuort in drive om mei myn teäterblik nei ditsoarte projekten te sjen en dat ynstrumintarium ek yn te setten. Dingen krekt efkes oars oanfleane, kinne foar iepeningen soargje as saken kompleks binne en fêst sitte.

  • Anne Greet de Vries

    De Fryske Flekspool is in ferriking foar de ferskate oerheden. It makket mear kennisdieling, yntegraal management en it lizzen fan ferbannen mooglik! Hiel moai dat ik dêr ûnderdiel fan bin!

Projekten

De Fryske Flekspool set him yn foar grutte maatskiplike opjeften op it mêd fan natuer, lânbou, ynfrastruktuer, mobiliteit, klimaat en enerzjy, wetter, ekonomy, rekreaasje en toerisme en kultuer. Sa giet in projektlieder oan de slach mei de dykfersterking tusken it buorskip Koehoal en de Lauwersmar. In programmamanager wurket oan it ferbetterjen fan de natuer en it werombringen fan de CO 2 - útstjit yn it Fryske feangreidegebiet. En in omjouwingsmanager draacht by oan de enerzjytransysje troch him yn te setten foar wynenerzjy, sinne-enerzjy en grien gas. En sa lizze der noch folle mear útdagingen klear om oan te pakken.

Wethâlder Michel Rietman, ien fan de opdrachtjouwers: ‘As bestjoerder ûnderfyn ik de Fryske Flekspool as tige weardefol. Op bepaalde ûnderwerpen hawwe wy ekstra ynset fan saakkundigen nedich. En as de organisaasje dizze spesifike saakkundige net yn 'e hûs hat, dan is it hiel noflik om skeakelje te kinnen mei de Fryske Flekspool. En dêrneist fernim ik yn de útfiering net oft de persoan ‘ eigen ’ of ‘ ynhier ’ is en dat komt troch de profesjonele hâlding fan de persoan sels. De Fryske Flekspool is in weardefol foarbyld fan it mei-inoar oplûken as ien oerheid yn Fryslân.'

Ynteressearre?

Hasto ynteresse yn de Fryske Flekspool? Stjoer dan mail nei info@fryskeflekspool.frl. Dan nimme wy kontakt mei dy op en besjogge wy wat wy foar elkoar betsjutte kinne.

Er staat een hele groep mensen die hun bouwhelm de lucht in gooien