Subsydzjes

Op dizze side fine jo alle subsydzjes en regelingen dy't jo by de provinsje oanfreegje kinne. Underoan de side binne se ferdield ûnder tema’s werom te finen.
Untfange jo al in subsydzje fan de provinsje en wolle jo in wiziging trochjaan? Dat kin mei dit formulier.
As jo foar jo oanfraach in machtingsformulier nedich hawwe – bygelyks omdat jo mei ferskate partijen mei-inoar in subsydzje oanfreegje - dan kinne jo dit machtigingsformulier brûke.
Alde en nije Algemiene Subsydzjeoardering
Eftergrûnynformaasje oer subsydzjes
Digitaal
Fan jannewaris 2024 ôf kinne jo by ús hieltyd mear oanfraachformulieren digitaal yntsjinje. Dêrfoar hawwe jo as partikulier DigiD nedich en as jo in organisaasje hawwe eHerkenning. Hawwe jo noch gjin DigiD, dan kinne jo dizze ienfâldich oanfreegje fia DigiD.nl. Foar jo bedriuw, of foar jo as ûndernimmer of beropsbeoefener kinne jo eHerkenning oanfreegje fia eHerkenning.nl. Foar it oanfreegjen fan subsydzje hawwe jo in eHerkenning mei minimaal betrouberheidsnivo 2+ nedich.
Nei't jo in oanfraach foar DigiD of eHerkenning dien hawwe, wurket it noch net direkt. By it ferwurkjen fan jo oanfraach binne somtiden oanfoljende kontrôles nedich, lykas elektroanyske identifikaasje. En dat kostet tiid. Freegje de DigiD en eHerkenning sa gau mooglik oan en wachtsje net oant it momint dat jo jo oanfraach yntsjinje wolle.
Hjir fine jo mear achtergrûnynformaasje oer eHerkenning.