eWerkenning

Mei eWerkenning kinne ûndernimmers, ferieningen en stiftings maklik, feilich en fluch ynlogge by goed 300 organisaasjes yn ’e (semy-)publike sektor. Behalve de provinsje Fryslân brûke ek oare oerheidsorganisaasjes lykas de Belestingtsjinst, RDW, UWV en KfK eWerkenning. Hieltyd mear organisaasjes wurkje mei dy brûkersfreonlike tsjinst.

Wêrom eWerkenning?

eWerkenning is fluch, maklik en betrouber. Jo hawwe bygelyks mar ien ynlochmiddel fanneden om jo saken online by ferskate organisaasje te regeljen. Sa kinne jo bygelyks digitaal in oanfraach yntsjinje. Troch yn te loggen kinne jo ienfâldich sjen wannear’t jo in oanfraach yntsjinne of regele hawwe. Op sa’n wize hawwe jo fuortdalik jo digitaal argyf by de hân.

Oan ’e persoan bûn

eWerkenning is oan ’e persoan bûn en mei net dield of oerdroegen wurde. As immen oars yn jo organisaasje eWerkenning brûke wol, dan moat dy persoan sels in eigen machtiging hawwe.

Betrouberensnivo

De provinsje Fryslân brûkt betrouberensnivo 2+. As jo by ûnderskate organisaasjes ynlogge wolle, nim dan it heechste betrouberensnivo fan ’e organisaasje dêr’t jo by ynlogge wolle foar kar. Der kin altyd ynlogd wurde by organisaasjes mei in leger betrouberensnivo.

eWerkenning oanfreegje

eWerkenning kin oanfrege wurde by offisjeel talitten leveransiers. Seis leveransiers binne troch de Ryksoerheid talitten en allinne dyselden meie eWerkenning leverje. Sy foldogge allegear oan ’e easken dy’t steld binne, mar konkurrearje mei elkoar wat priis en it type eWerkenningsmiddels oanbelanget. Jo kinne sels útmeitsje by hokfoar leveransier oft jo de tsjinst ôfnimme wolle. De leveransiers binne te finen op ’e webside van eHerkenning.

Wolle jo mear witte of hawwe jo fragen? Mear ynformaasje oer eHerkenning.