Faktuerbetingsten en e-faktueren

Faktuerbetingsten

Hoe kin ik in faktuer ferstjoere nei de Provinsje Fryslân?

Jo kinne jo faktuer op ûnderskate wizen nei de Provinsje Fryslân ferstjoere:

  • as e-faktuer;
  • as pdf-faktuer;
  • oer de post.

Foar it flugger ferwurkjen fan jo faktuer, freegje wy jo om in e-faktuer fia it netwurk fan Simplerinvoicing te ferstjoeren. Jo faktuer wurdt streekrjocht nei de ynkeaper/kontaktpersoan fan ’e Provinsje Fryslân trochstjoerd. Foar útlis en ynstruksjes oangeande de e-faktuer, kinne jo de útlis oer it ferstjoeren fan e-faktueren nei de Provinsje Fryslân rieplachtsje.

Algemiene faktuerbetingsten

Op alle faktueren heart – neist de wetlike easken – it neikommende oanjûn te wurden:

  • ús skaaimerk fan it opdrachtbrief;
  • namme fan ’e ynkeaper/kontaktpersoan;
  • ferplichtingnûmer (AGV) en/of rûtenûmer.

Dy ynformaasje hawwe jo krigen by it jaan fan ’e opdracht. Hawwe jo dy ynformaasje net krigen, dan wurde jo fersocht om kontakt op te nimmen mei (de ynkeaper/kontaktpersoan fan) de Provinsje Fryslân.

Jo faktuer moat altyd oan ’e wetlike easken foldwaan. In oersjoch fan dy easken is te finen op ’e webside fan De Belastingdienst.

As in ynkommen faktuer net ferwurke wurde kin, krije jo dêrfan berjocht. Oarsaken fan it net ferwurkje kinnen fan in faktuer binne:

  • it net foldwaan oan ’e faktuerbetingsten;
  • it net foldwaan oan ’e wetlike easken;
  • gjin goedkarring fan ’e budzjethâlder.

Faktuerbetingsten e-faktuer

Jo kinne in e-faktuer allinne ferstjoere fia it netwurk fan Simplerinvoicing. Yn it netwurk fan Simplerinvoicing binne wy te finen fia it organisaasje-identifikaasjenûmer (OIN) 00000001001032823000.

Dêrnjonken wolle wy jo op it neikommende wize:

As jo e-faktuer net by ús ôflevere wurde kin trochdat der technysk wat mis is mei de e-faktuer, dan ‘sjocht’ de Provinsje Fryslân dat net; der hat ommers gjin ôflevering west! Jo tsjinstferliener dy’t foar jo de e-faktuer fia it netwurk fan Simplerinvoicing ferstjoerd hat, krijt dêr neffens de stelselôfspraken lykwols ál berjocht fan. Jo moatte mei jo tsjinstferliener kedize oer hoe’t jimme yn foarkommende gefallen ta in oplossing komme.

  • Der wurdt gjín befestingsberjocht ferstjoerd fan it ynkrijen fan in e-faktuer.
  • In e-faktuer dy’t net fia it netwurk fan Simplerinvoicing ferstjoerd is, wurdt net ferwurke.
  • In e-faktuer dy’t as taheakke by in e-mailberjocht opnommen is, wurdt net ferwurke.
  • As jo in e-faktuer ferstjoere, ferstjoer dy faktuer dan nét noch in kear oer de post en/of as pdf fia e-mail.

Faktuerbetingsten pdf-faktuer

Jo stjoere jo pdf-faktuer fia e-mail as taheakke nei facturen@fryslan.frl:

  • brûk allinne pdf-formaat;
  • íén faktuer it pdf-bestân;
  • yn ien e-mail kinne jo mear pdf-faktueren opnimme, dêr sit gjin beheining oan;
  • faktuer en taheakke(n) moatte yn íén pdf-bestân oanlevere wurde;
  • as jo de faktuer oer de e-mail ferstjoere, ferstjoer dy dan net noch in kear oer de post en/of fia e-faktuer.

Faktuerbetingsten faktuer oer de post

Jo kinne jo faktuer stjoere nei:

Provinsje Fryslân
O.f. Krediteure-administraasje
Postbus 20120
8900 HM Ljouwert

Utlis ferstjoeren e-faktueren nei de Provinsje Fryslân

Sûnt 18 april 2019 kinne leveransiers fan ’e Provinsje Fryslân elektroanyske faktueren (e-faktueren) stjoere.

Wat is in e-faktuer?

In elektroanyske faktuer (e-faktuer) is in digitaal bestân (mar gjin pdf) dat út it iene automatisearre systeem elektroanysk ferwurke wurde kin yn it oare systeem.

Wêrom e-fakturearje?

Alle jierren ferstjoere bedriuwen yn Nederlân sa’n 12 miljoen faktueren oan ’e oerheid. It mei de hân ferwurkjen fan faktueren oer de post of e-mail kostet in soad tiid en jild. Én jout kâns op flaters.

Foardielen fan e-fakturearjen

De foardielen fan e-fakturearjen binne ûnder oare:

  • gemak. It ferwurkjen bart automatysk;
  • fluggere ferwurking. Der is gjin papierstream mear;
  • krekter. Gjin flaters troch mei de hân ferwurkjen;
  • goedkeaper. Gjin print- en portokosten.

Hoe stjoer ik in e-faktuer nei de Provinsje Fryslân?

Jo kinne op ûnderskate wizen in e-faktuer stjoere nei de Provinsje Fryslân. Dat kin automatisearre út jo eigen (boekhâld)softwarepakket wei fia it netwurk fan Simplerinvoicing of mei de hân fia faktuerportalen yn it Simplerinvoicing netwurk.

E-faktuer út jo (boek)hâldsoftwarepakket wei

Ut de measte boekhâld- en fakturaasjesoftware wei kin ûnderwilens e-fakturearre wurde. Gean nei oft jo ICT-leveransier of -tsjinstferliener dêrfoar op dit stuit oparbeidet mei Simplerinvoicing om e-fakturearje te kinnen. Simplerinvoicing is in netwurk fan tsjinstferlieners mei keppelingen tusken ferstjoerders en ûntfangers fan e-faktueren. Fia dat netwurk kinne ek oare oerheidsynstânsjes en it bedriuwslibben berikt wurde.

E-faktuer fia online portalen

Brûke jo gjin (boekhâld)softwarepakket en ferstjoere jo mar amper faktueren? Dan is it mei de hân ynfieren fia in online portaal fan in tsjinstferliener yn it ramt fan it Simplerinvoicing netwurk in mooglikheid. Dy tsjinstferlieners meitsje foar jo in e-faktuer en leverje dy ôf by de Provinsje Fryslân.