Ynkeap- en oanbestegingsregels
Hjir fine jo ús regels foar it ynkeapjen en oanbesteegjen (ynkeapbetingsten) fan guod en tsjinsten.
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 30 juny 2020 nije algemiene ynkeapbetingsten fan de provinsje fêststeld. Dy hite Algemene Inkoopvoorwaarden Provincie Fryslân 2020. De provinsje sil yn útfragen, dy’t nei 1 july 2020 dien binne, ferwize nei dy nije Algemiene Ynkeapbetingsten Provinsje Fryslân 2020 en dy betingsten sille fan tapassing wêze op nei oanlieding dêrfan sletten oerienkomsten ta it ferrjochtsjen fan leverings en/of tsjinsten oan de Provinsje.
By útfragen dy’t fóár 1 july dien binne, is ferwiisd nei de algemiene betingsten dy’t de provinsje fóár 1 july 2020 brûkte. Dat jildt ek foar oerienkomsten ta leverings en/of tsjinsten oan de provinsje dy’t fóár 1 july 2020 sletten binne. Dy betingsten bliuwe fan tapassing by dy rinnende útfragen respektivelik op dy sletten oerienkomsten.
De hjir bedoelde betingsten binne de Algemene inkoopvoorwaarden provincie Fryslân dy’t op 27 juny 2001 fêststeld binne en/of de Algemene voorwaarden provincie Fryslân bij overeenkomsten van opdracht tot het verrichten van diensten dy’t op 29 jannewaris 2008 fêststeld binne.