De ynhâld is klear mei laden.

Wurkje by provinsje Fryslân

Wurkje by provinsje Fryslân

In baan by provinsje Fryslân is in baan fan betsjutting. Do wurkest oan wichtige tema’s en draachst by oan in moai en sterk Fryslân.

Wurkje bij provinsje Fryslân

In baan by provinsje Fryslân is in baan fan betsjutting. Do wurkest oan wichtige tema’s en draachst by oan in moai en sterk Fryslân. Wy binne in grutte organisaasje mei likernôch 750 meiwurkers. Wolsto mei kollega's meibouwe oan de takomst fan ús moaie provinsje? Dan is in baan by provinsje Fryslân dyn kâns! Wy biede dy folop mooglikheden om troch te groeien en dysels te ûntwikkeljen; persoanlik én yn dyn wurk.

Mei-inoar sette wy ús yn foar in noflik wen-, wurk- en libbensklimaat foar alle ynwenners en ûndernimmers fan Fryslân, yn ‘e mande mei de mienskip. Dêrby sykje wy de balâns tusken ekonomyske belangen en in sûne natuer. Wy wolle bygelyks sawol ús (wetter)wegen befarber hâlde as goed soargje foar de Fryske natuer. Wolsto in rol fan betsjutting spylje yn de moaiste provinsje fan Nederlân? Wy leare dy graach kennen!

Fryslân hat in dúdlike eigen identiteit en dy koesterje wy. Dêrom is twataligens by provinsje Fryslân in basisprinsipe. Foar dy ek?

                                                                                                                                   #wijzijnprovinciefryslan 

Twee personen staan buiten in de zon te lachen.

Ferhalen fan ús kollega’s

  • Johanna Westerdijk

    Johanna is jurist by it team Omjouwingssaken en hâldt har ek dwaande mei de Wet Bibob en de neisoarch fan stoartplakken. Troch fleksibiliteit kin se har wurk goed mei privee kombinearje. Lês wat Johanna fertelt oer har baan.

  • Arnold Rosier

    Arnold Rosier is steategriffier en ferantwurdlik foar de steategriffy. De fokus leit oars as by oare ôfdielingen, om't wy wurkje foar Provinsjale Steaten. Lês it ferhaal fan Arnold oer syn wurk.

  • Peter Bruin

    Peter Bruin is CISO (Chief Information Security Officer) by provinsje Fryslân. Yn myn rol as CISO hâld ik my dwaande mei it garandearjen fan de feilichheid fan ynformaasje en systemen. Lês wat Peter fertelt oer syn wurk.

Staazje rinne

Wolsto staazje rinne by ús? Dat fine wy hiel leuk en gesellich, do bist fan herte wolkom! By ús krigest de mooglikheid om ûnder begelieding ûnderfining op te dwaan of in ôfstudearopdracht út te fieren. Fia ûndersteande link kinst it staazjeformulier ynfolje. Do meist yn it formulier oanjaan by hokker ôfdieling oftst staazje rinne wolst, hokker oplieding oftst folgest, yn hokker learjier oftst sitst, wat dyn leardoelen binne en yn hokker perioade oftst beskikber bist. Mochtst oer dyn staazjefersyk kontakt hân hawwe mei ien fan ús meiwurkers, folje dy namme dan op it formulier yn. Do krigest dêr in ûntfangstbefêstiging fan en wy stribje dernei datst binnen twa wiken antwurd op dyn staazjefersyk krijst.

Staazje rinne

Iepen sollisitaasjes

Wolst graach wurkje by Provinsje Fryslân mar stiet dyn dreambaan net by de fakatueres? Ek dan wolle wy graach witte wa'tsto bist en watst kinst. Stjoer in iepen sollisitaasje fia de sollisitaasjelink hjirûnder en wa wit komme wy ynkoarten mei-inoar yn 'e kunde!

Iepen sollisitaasje
Fragen?

Hasto in fraach oer sollisitearje of wurkje by provinsje Fryslân? Nim dan kontakt op mei recruitment@fryslan.frl

Op ’e hichte bliuwe 

Wolst as earste op ’e hichte wêze fan de fakatueres by provinsje Fryslân? Folgje ús op X en LinkedIn.

Een vrouw staat met blauwe bouwhelm en oranje bouwvakkersjas op een brug. Op de achtergrond een wegennet.