Peter Bruin
“Sûnt febrewaris 2022 bin ik CISO (Chief Information Security Officer) by provinsje Fryslân. Yn myn rol as CISO hâld ik my dwaande mei it garandearjen fan de feilichheid fan ynformaasje en systemen. Hjirby wurkje ik oan belied oangeande ynformaasjebefeiliging, advisearje ik oer dizze fraachstikken en hâld ik tafersjoch op de wet- en regeljouwing.
CISO
CISO is in útdaagjende, mar allinnichsteande funksje. Myn funksje falt ûnder de ôfdieling Concern control. Binnen dizze ôfdieling beheare en kontrolearje wy prosessen mei it each op wet en regeljouwing. Myn kollega's binne fakspesjalisten, dy 't witte wêr 't se mei dwaande binne. Dat is ek nedich, omdat wy yn ús fakgebiet ús bewust wêze moatte fan wat der spilet yn de omjouwing en feitlike arguminten op tafel lizze kinne moatte. Wy sjogge nei prosessen fan bygelyks Provinsjale Wettersteat oant de ôfdieling Kabinet. Dêrtroch wurkje ik in soad gear mei ferskillende kollega's, mar ek mei eksterne partijen.
Utdaging
Wat myn wurk útdaagjend en aardich makket, is de breedte fan de ûnderwerpen dêr't ik my mei dwaande hâlde mei en de frijheid dy 't ik fan de organisaasje krij om myn wurksumheden goed útfiere te kinnen. Dêrneist kin ik my ûntwikkeljen bliuwe troch it Persoonlijk Budget Duurzame Inzetbaarheid (PBDI), hjirtroch haw ik in auditor oplieding dwaan kinnen. Troch dizze ûntwikkelmooglikheden en frijheid bliuwt myn funksje útdaagjend en kin ik myn eigen karriêre foarmjaan. Dêrneist fyn ik de ynteraksjes mei ferskillende kollega's hiel aardich, ik stel my hjiryn proaktyf op en sykje safolle mooglik sels de sichtberens op.
Organisaasje
Provinsje Fryslân is in organisaasje yn beweging, wêrby't wy sawol sprinters as maraton rinners nedich hawwe. Wy hawwe kollega’s nedich dy't drave kinne as dat nedich is en wy hawwe minsken mei in lange azem nedich. Ik fyn dat wy ferskate kollega's hawwe mei in soad kennis fan ferskate dissiplinen. Dêrneist haw ik sels in swak foar de gebouwen dêr't we yn wurkje meie, lykas It Swettehûs en it provinsjehûs dêr't je de âlde en nije eleminten prachtich yninoar oerrinnen sjogge. Dêrneist binne wy as meiwurkers fan provinsje Fryslân belutsen en drage wy de Fryske identiteit út. Troch te wurkjen by provinsje Fryslân drage we gear by oan de mienskip en meitsje we Fryslân moai en sterk."