Kollega's oant it wurd

Wolst mear witte oer hoe 't it wurkjen by provinsje Fryslân no écht is? Lês dan de ferhalen fan in oantal fan ús meiwurkers dy 't dy presys fertelle wat it ynhâldt.

  • Johanna Westerdijk

    Johanna is jurist by it team Omjouwingssaken en hâldt har ek dwaande mei de Wet Bibob en de neisoarch fan stoartplakken. Troch fleksibiliteit kin se har wurk goed mei privee kombinearje. Lês wat Johanna fertelt oer har baan.

  • Arnold Rosier

    Arnold Rosier is steategriffier en ferantwurdlik foar de steategriffy. De fokus leit oars as by oare ôfdielingen, om't wy wurkje foar Provinsjale Steaten. Lês it ferhaal fan Arnold oer syn wurk.

  • Peter Bruin

    Peter Bruin is CISO (Chief Information Security Officer) by provinsje Fryslân. Yn myn rol as CISO hâld ik my dwaande mei it garandearjen fan de feilichheid fan ynformaasje en systemen. Lês wat Peter fertelt oer syn wurk.

  • Esther Heida

    Esther Heida is koördinator Public Affairs. Ienfâldich sein giet dat oer lobbywurk yn Den Haach en Brussel om dingen foarinoar te krijen foar Fryslân. Lês wat Esther fertelt oer har wurk.

  • Hilde Kloosterziel

    Hilde Kloosterziel is koördinator fan it romte- en kwaliteitstiim. Dat tiim advisearret yntern en ekstern oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Lês it ferhaal fan Hilde oer har wurk.

  • Marten Kalsbeek

    Marten Kalsbeek is nautysk hanthavener by Provinsje Fryslân. Gjin kantoarbaan, mar alle dagen it wetter op mei ien fan ’e boaten fan Provinsjale Wettersteat. Lês wat Marten fertelt oer syn baan.

  • Sana Haiderzada

    Sana Haiderzada is projektlieder sivile technyk/duorsumens & sirkulariteit. In baan dêr’t al syn ynteresses en kapasiteiten yn byinoar komme. Lês it ferhaal fan Sana oer syn wurk.