Sana Haiderzada
“Nei myn hbû-stúdzje sivile technyk en master sirkulêre ekonomy kaam ik twa-en-in-heal jier lyn as trainee projektlieder by provinsje Fryslân binnendoarren. Dêr waard ik hiel goed begelaat en haw ik in soad leard. Ik fielde my dêr fuortdalik op myn plak en achtsje it geweldich dat ik nei myn trainee-skoft yn tsjinst bliuwe koe. Yn twa jier tiid bin ik fan trainee trochgroeid nei projektlieder. By de provinsje hast poerbêste trochgroeimooglikheden, is myn ûnderfining. Ik krij alle tiid om my te ûntjaan yn myn fak en krij begelieding fan betûfte kollega’s.
Frijheid
Wat ek moai is oan de provinsje as wurkjouwer, is de fleksibiliteit. Ik wurkje 40 oeren yn ’e wike, mar wannéár’t ik dy oeren meitsje, mei ik sels witte. Dêr blykt fertrouwen út. Yn ’e regel hâld ik my oars dochs wol oan ’e kantoaroeren, om’t oerdeis de measte oerlizzen binne.
Duorsumens/sirkulariteit
Provinsje Fryslân hat duorsume en sirkulêre ambysjes en soks slút perfekt oan by myn eigen fisy op it mêd fan duorsumens en sirkulariteit. As projektlieder kin ik helpe om dy ambysjes wier te meitsjen, troch foar duorsumens te kiezen yn projekten. Bygelyks troch te kiezen foar ynnovative oplossings. As projekttiim sette wy it wurk ‘yn ’e merk’ en koördinearje wy it útfieren dêrfan. Behalve duorsumens/sirkulariteit weagje feiligens, berikberens, tiid en budzjet mei by de sivile projekten. By oanbestegings moatte ynskriuwende oannimmers dêr op ynspylje.
Mienskip
De projektiims by provinsje Fryslân binne in goede miks fan âldere, yn ’t sâlt bebiten krêften en jonge minsken. Wy folje inoar moai oan. Doe’t ik freonen fertelde dat ik by de Provinsje Fryslân oan ’t wurk soe, hearde ik gauris: ‘Lekker de hiele dei kofjedrinke!’. Mar wy wurkje hjirre allegearre hiel hurd; it is útdaagjend wurk dat in soad enerzjy kostet, mar ek enerzjy opleveret. It jout my yn alle gefallen in soad enerzjy dat ik yn ’e mande mei myn kollega’s wat betsjutte kin foar de mienskip. Want úteinlik is dát wêr’t it wurkjen by Provinsje Fryslân foar my om draait: dat wy mei-inoar bouwe oan in moai, sterk en duorsum Fryslân.”