Persoansgegevens & Privacy
De provinsje Fryslân giet soarchfâldich mei jo persoonsgegevens om en hannelet oerienkomstich de Algemene verordening gegevensbescherming (AVG) en de Uitvoeringswet Algemene verordening gegevensbescherming (UAVG).
Foar kontakt mei ús funksjonaris gegevensbescherming kinne jo maile nei : privacy@fryslan.frl
Jo hawwe ta oansjen fan jo eigen persoansgegevens bepaalde rjochten. Klik hjir foar útlis fan jo rjochten.
As jo in rjocht op basis fan de AVG útoefenje wolle, dan kin dat mei ûndersteand formulier. Jo logge yn mei help fan DIGID.
AVG-fersyk
Bûtengewoan opspoaringsamtners (BOA ’s) en privacy.
Provinsje Fryslân hat BOA’s yn tsjinst. De gegevens dy't BOA’s sammelje en ferwurkje by harren opspoaringstaak falle ûnder de Wet politiegegevens(WPG) en it Besluit politiegegevens buitengewoon opsporingsambtenaren.
Ek by dy taak giet provinsje Fryslân soarchfâldich om mei jo persoansgegevens.
Provinsje Fryslân docht gjin stikem opspoaringsûndersyk. As in oertrêding konstatearre wurdt, dan krije jo in offisjele warskôging of in proses-ferbaal. Tsjûgen en slachtoffers kinne ek frege wurde om harren kontaktgegevens te jaan.
De opmakke prosessen-ferbaal wurde trochstjoerd nei it Centraal Justitieel Incassobureau(CJIB) of nei it Iepenbier Ministearje.
De WPG jildt allinnich as der persoansgegevens ferwurke wurde foar strafrjochtlike hanthavening. Ferwurket in tafersjochhâldend amtner persoansgegevens foar bestjoersrjochtlike hanthavening (twangsom of bestjoerstwang), dan is de AVG fan tapassing.
Under de Wet plysjegegevens hawwe jo oangeande jo gegevens ek beskate rjochten, nammentlik it rjocht op ynsjen, rektifikaasje, oanfolling of ferneatiging.
Klik hjir as jo mear witte wolle oer de Wet politiegegevens.
As jo in rjocht op basis fan 'e Wet plysjegegevens útoefenje wolle, dan kin dat mei ûndersteand formulier. Jo logge yn mei DIGID.
Hawwe jo in fraach oft in klacht oer it brûken fan jo persoansgegevens troch provinsje Fryslân, dan kinne jo kontakt opnimme mei de Funksjonaris Gegevensbeskerming fia privacy@fryslan.frl.
Ek kinne jo by klachten oer it brûken fan jo persoansgegevens troch provinsje Fryslân terjochte by de Autoriteit Persoonsgegevens. Op 'e webside fan de Autoriteit fine jo mear ynformaasje oer privacy en soarchfâldich omgean mei persoansgegevens.
It kin gebeure dat de provinsje Fryslân jo filmet of op de foto set. Wy litte nammentlik geregeld foto’s en fideo's meitsje foar ús eigen gebrûk. Loopje jo dan krekt tafallich del, dan kin it wêze dat jo op in foto of fideo steane. Op de side Foto en film en privacy lêze jo hoe't wy omgean mei ús byldmateriaal.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.