Streekkantoren

Om ynsjoch te krijen oft jo projektidee foar subsydzje yn oanmerking komt, biedt de provinsje jo de mooglikheid om jo projektidee ôf te stimmen mei in projektadviseur yn jo regio. De Provinsje Fryslân hat subsydzjeregelingen om gebietsrjochte inisjativen mooglik te meitsjen. 

Wolle jo mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan subsydzje foar in projekt? De projektadviseurs fan de Streekkantoren advisearje jo graach oer de subsydzjemooglikheden. Ek kinne sy jo helpe by it opstellen fan it projektplan en by de subsydzje-oanfraach. Mei harren kennis fan projekten en prosessen, kinne sy jo gau dúdlikheid jaan oer de mooglik- en ûnmooglikheden.

De Provinsje Fryslân helpt jo graach fierder!