IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen
Dizze regeling is sletten, it is net mear mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen. It is yn it neijier fan 2025 wer mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.
Iepen Mienskipsfûns 2024-2027 - Oparbeidzje mei de frijwilligers
Fia de subsydzjeregeling Ferduorsumjen Mienskipgebouwen fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de provinsje 2 miljoen euro beskikber foar ferduorsuming fan mienskipsgebouwen. It fûns is yn 2024 iepensteld foar oanfragen en wurdt yn it neijier fan 2025 nochris iepensteld.
Iepen Mienskipsfûns 2024 - 2027
Dêrneist stelt de provinsje in bedrach fan 8,5 miljoen euro beskikber foar leefberensprojekten yn Fryslân. It IMF bestiet út twa kategoryen: Lytse projekten (IMF Lyts) en Grutte projekten (IMF Grut). Dizze regeling sil yn 2025 yn maart/april en septimber/oktober wer iepensteld wurde. Op ús webside fine jo in aparte side mei ynformaasje oer dizze regeling.
IMF Ferduorsumjen Mienskipgebouwen
Subsydzje wurdt allinnich jûn foar it útfieren fan minimaal twa ferskillende aktiviteiten dy't it enerzjyferbrûk fan in gebou ferminderje. Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch stichtingen, ferieningen, koöperaasjes sûnder winsteachmerk, tsjerkegenoatskippen of Steatsboskbehear as se eigener binne fan besteand maatskiplik fêstgoed foar mienskiplik gebrûk sûnder winsteachmerk, of as se eigener binne fan dit maatskiplik fêstgoed troch rjocht fan opstâl. Ek kinne oanfragen yntsjinne wurde as de oanfreger rjocht fan erfpacht hat op besteand maatskiplik fêstgoed foar mienskiplik gebrûk sûnder winsteachmerk.
Oanfragen wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ynwenners fan de provinsje Fryslân. Hja bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje krije út IMF Ferduorsumjen Mienskipsfûns gebouwen. De advyskommisje sjocht dêrby nei de neikommende kritearia:
- Ferduorsuming (0 -10 punten)
- Besparing totale jierlikse kosten (0 -5 punten)
- Mienskipsfûns wearde (0 -10 punten)
- Utfierberens (1 punt)
Krekt lykas yn 2023 en 2024 it gefal wie, wurde der ek yn 2025 mear subsydzje-oanfragen ferwachte as der budzjet beskikber is. De beoardieling troch de advyskommisje bepaalt dan hokker projekten wol, en hokker projekten spitigernôch net foar subsydzje yn oanmerking komme.
Hichte fan it subsydzje
Foar elk projekt kinne jo maksimaal 50% fan de projektkosten as subsydzje oanfreegje mei in maksimum fan € 35.000,-. De oare projektkosten sille jo dus sels, of fia oare fûnsen of oerheden (lykas it ISDE of de BOSA) finansierje moatte. Jo meie allinnich subsydzje oanfreegje foar it ferduorsumjen fan jo gebou(en) en bykommend ûnderhâld. Dit betsjut dat ferljochting fan in sportfjild of it pleatsen fan in sinnegreide net yn oanmerking komme.
Help en advys
By it streekkantoar yn jo regio kinne jo advys freegje by it opstellen fan jo projektplan en help freegje by it dwaan fan jo oanfraach:
- Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omkriten. Dêr sitte tagediene adviseurs om jo te helpen. Ek kinne jo jo projektidee fia ûndersteande knop oanmelde en dan nimt ien fan ús adviseurs kontakt mei jo op.
- Belje of maile nei ús klantkontaktsintrum fan de provinsje.
Nei it oanmelden fan jo projektidee nimt ien fan ús projektadviseurs binnen in pear wurkdagen kontakt mei jo op om it idee mei jo te bepraten. Tink derom: mei it oanmelden fan jo projektidee freegje jo gjin subsydzje oan.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. As de regeling iepensteld is, fine jo it digitale oanfraachformulier op dizze side. Jo hawwe eHerkenning nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen derfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.
Hat jo stichting, feriening of koöperaasje gjin eHerkenning? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan it skriftlike oanfraachformulier. As de regeling iepensteld is, kinne jo dit formulier op dizze side downloade ûnder ‘Te brûken dokuminten’.
Wat hawwe jo foar in folsleine oanfraach nedich:
- eHerkenning 2+;
- In projektplan;
- In begrutting;
- In machtigingsformulier as jo út namme fan immen oars in oanfraach dogge.
Foar it projektplan en de projektbegrutting is it ferplichte om gebrûk te meitsjen fan it format. As de regeling iepensteld is, kinne jo dizze formats op dizze side downloade ûnder ‘Te brûken dokuminten’.
Dêrneist moat by in oanfraach eigendomynformaasje fan it Kadaster, de meast resinte jierfrekken fan jo enerzjyleveransier en de meast resinte jierrekken fan de oanfreger as bylage foege wurde.
Goed om te witten:
- Jo kinne net mear as 50% subsydzje oanfreegje.
- Jo moatte sels eigener wêze fan it maatskiplik fêstgoed, eigener te wêzen troch rjocht fan opstâl of rjocht te hawwen op it brûken fan it maatskiplik fêstgoed op grûn fan rjocht fan erfpacht.
- Jo moatte op syn minst twa maatregels útfiere dy't it oan it gebou bûne enerzjyferbrûk ferminderje.
- Nei it ûntfangen fan subsydzje krije jo trije jier de tiid om jo projekt te realisearjen.
Projektekaart
Sykje jo foarbylden fan oare projekten, ynspiraasje foar jo eigen projekt of wolle jo jo eigen projekt pleatse? Klik dan op de ûndersteande knop.
Te brûken dokuminten
Jo kinne dizze dokuminten delhelje en foar jo subsydzje-oanfraach brûke. Dizze foarbylden kinne jo ynfolle by jo oanfraach yntsjinje. Dat kin yn it oanfraachformulier by de taheakken.
- Format projectplan (hjir te downloaden as de regeling iepensteld is)
- Format projectbegroting (hjir te downloaden as de regeling iepensteld is)
- IMF-logo
- Provinsje Fryslân logo
- Format aanvraagformulier (hjir te downloaden as de regeling iepensteld is)
- Format machtigingsformulier
Mear ynformaasje
- Subsydzjeregeling IMF 2024-2027 (paragraaf 3)
- Iepenstellingsbeslút (hjir te downloaden as de regeling iepensteld is)
- Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)
- Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)