Iepen Mienskipsfûns
Iepen Mienskipsfûns 2024-2027 - Oparbeidzje mei de frijwilligers
Dizze regeling is op dit stuit sletten. Fan 17 maart o/m 10 april 2025 is it wer mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.
De provinsje Fryslân stelt fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn de perioade 2020 -2027 in bedrach fan 8,5 miljoen euro beskikber foar projekten dy't bydrage oan de leefberens yn Fryslân. It fûns is ûnderferdield yn twa kategoryen: Lytse projekten (IMF Lyts) en Grutte projekten (IMF Grut), wêrmei't projekten fan ferskate skaal en ympakt stipe wurde kinne.
It IMF wurdt twa kear yn it jier iepensteld foar oanfragen: yn de maitiid en yn it neijier. Dit biedt stichtingen, ferieningen, koöperaasjes en groepen fan minimaal fiif persoanen de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen foar harren projekten.
De iepenstellingen yn 2025 sille fan 17 maart o/m 10 april en fan 22 septimber o/m 16 oktober wêze.
Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen | Neijier 2024 en 2025
Dêrneist stelt de provinsje in bedrach fan 2 miljoen beskikber foar ferduorsuming fan gebouwen mei in maatskiplike funksje yn Fryslân. Dizze regeling, mei de namme Ferduorsumjen mienskipsgebouwen, is yn it neijier fan 2024 iepensteld en wurdt yn it neijier fan 2025 nochris iepensteld. Op ús webside fine jo in aparte side mei ynformaasje oer dizze regeling (IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen | Fryslan).
IMF Lyts & Grut
Oanfragen foar IMF Lyts en IMF Grut wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje, besteande út ynwenners út jo regio. Sy bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje út it IMF krije. De advyskommisje hantearret de neikommende kritearia foar it beoardieljen fan in oanfraach:
- Bydrage oan ‘e Mienskip (0-10 punten)
- Draachflak & Gearwurking (0-5 punten)
- Takomstbestindichheid (0-5 punten)
- Fryske taal of streektaal (0-2 punten) (Let op: hjirop moat minimaal 0,5 punten skoard wurde, oars resultearret dat yn in ôfwizing!)
Twa soarten subsydzje
Wêr’t jo subsydzje foar oanfreegje kinne, dat lêze jo hjirûnder:
Soarte | Hoefolle | Wêr net foar |
1. Lyts | maksimaal €10.000,- subsydzje | - |
2. Grut | maksimaal €50.000,- subsydzje | boarterstastellen |
Tink derom: wolle jo in heger bedrach as € 50.000,- oanfreegje en is jo projekt yn de regio Noardwest, Súdwest of Súdeast? Sjoch dan oft LEADER by jo past. LEADER is in Europeesk (subsydzje)programma foar ûntwikkeling fan it plattelân.
Help en advys
Jo kinne kontakt opnimme mei it streekkantoar yn jo regio foar advys by it opstellen fan jo projektplan en foar help by it dwaan fan jo oanfraach:
- Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omkriten. Dêr sitte tagediene adviseurs om jo te helpen. Ek kinne jo jo projektidee fia ûndersteande knop oanmelde oanmelde en dan nimt ien fan ús adviseurs kontakt mei jo op.
- Belje of maile nei ús klantkontaktsintrum fan de provinsje.
Nei it oanmelden fan jo projektidee nimt ien fan ús projektadfiseurs yn in pear dagen kontakt mei jo op op it idee mei jo te bepraten. Let op: mei it oanmelden fan jo projektidee freegje jo gjín subsydzje oan.
Projektidee presintearje
Jo kinne jo projektidee foar it yntsjinjen fan jo oanfraach koart taljochtsje oan de regionale advyskommisje op in ‘Pitchjûn’ yn jo regio om te sjen oft jo projektidee by it IMF past. Dêrnjonken kinne jo fan de advyskommisjeleden en oare oanwêzigen op dy jûn ek ferbetterpunten foar jo projektplan meikrije. Wolle jo mear witte oer dizze mooglikheid? Nim dan kontakt op mei it streekkantoar yn jo omkriten.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. Kies it formulier fan jo gebiet en de kategory (IMF Lyts of IMF grut) dêr't jo subsydzje foar oanfreegje wolle. It digitale oanfraachformulier fan jo regio en de oanbelangjende kategory kinne jo, sadre it wer mooglik is om subsydzje oan te freegjen by it IMF, hjirûnder iepenje.
- Oanfraachformulier Noardeast - Lyts
- Oanfraachformulier Noardeast - Grut
- Oanfraachformulier Noardwest - Lyts
- Oanfraachformulier Noardwest - Grut
- Oanfraachformulier Wadden - Lyts
- Oanfraachformulier Wadden - Grut
- Oanfraachformulier Súdeast - Lyts
- Oanfraachformulier Súdeast - Grut
- Oanfraachformulier Súdwest - Lyts
- Oanfraachformulier Súdwest - Grut
Wat hawwe jo foar in folsleine oanfraach nedich:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes) of DigiD (foar bewennersgroepen);
- In projektplan;
- In projektbegrutting (gebrûk fan dit format is ferplichte);
- In machtigingsformulier (alinne as jo út namme fan immen oars in oanfraach dogge).
Hat jo stichting, feriening of koöperaasje gjin eHerkenning? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan it skriftlike oanfraachformulier. Nim hjirfoar kontakt op mei it streekkantoar yn jo regio.
Goed om te witten:
- Jo kinne net mear as 30% subsydzje oanfreegje.
- Nei it ûntfangen fan subsydzje krije jo twa jier de tiid om jo projekt te realisearjen.
Projektekaart
Sykje jo foarbylden fan oare projekten, ynspiraasje foar jo eigen projekt of wolle jo jo eigen projekt pleatse? Klik dan op de ûndersteande knop.
Te brûken dokuminten
Jo kinne dizze dokuminten delhelje en foar jo subsydzje-oanfraach brûke. Dizze foarbylden kinne jo ynfolle by jo oanfraach yntsjinje. Dat kin yn it oanfraachformulier by de taheakken.
- Format projectplan (Let op: de kâns op finansiering is grutter as it projektformat brûkt wurdt!)
- Format begroting (ferplicht)
- IMF-logo
- Provinsje Fryslân-logo
- Format machtigingsformulier
Mear ynformaasje
- Subsydzjeregeling IMF 2024-2027
- Iepenstellingsbeslút (folget wannear't de regeling iepensteld is)
- List mei foarbylden ‘hoe brûk ik it Frysk of in dialekt yn myn projekt’
- Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)
- Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)