Projektekaart
Sûnt de oprjochting fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn 2015 binne der al mear as 2000 projekten realisearre dy't de leefberens yn Fryslân ferbetterje.
Dy inisjativen, inisjearre en útfierd troch ynwenners sels, hawwe net allinnich de regio fersterke, mar ek de ferbining en it eigenerskip tusken de bewenners en harren omjouwing.
Fia de Projektekaart kinne jo alle ôfrûne projekten besjen. Jo kinne maklik filtearje op regio, jier of kategory. Hâld der rekken mei dat de projekten op de kaart werjûn wurde yn de folchoarder fan tafoeging, en net op basis fan wannear't se realisearre binne. Sa kinne jo gau ynspiraasje opdwaan foar jo eigen ideeën.
Hawwe jo in projekt klear? Foech jo projekt dan oan ús Projektekaart ta en diel sa jo moaie inisjatyf mei oaren. Dat kin fia ûndersteande knop.
Miskien bringe jo oaren wol op moaie nije ideeën foar Fryslân. Hawwe jo sels in idee foar in projekt? Nim dan kontakt op mei it streekkantoar by jo yn de buert foar advys en stipe. Wy helpe jo graach fierder mei it realisearjen fan jo ideeën.