Fryslân Ferbynt 2024

Op 22 juny 2024 fûn de Fryslân Ferbynt-dei plak, in evenemint wêryn't frijwilligerswurk en it oanlûken fan nije frijwilligers sintraal stiene. De hiele dei waarden yn hiel Fryslân mear as 280 lytsskalige projekten útfierd, mei mear as 260 nije frijwilligers dy't belutsen rekken by ferskate inisjativen. Oer in eventuele folgjende edysje yn 2025 is noch gjin dúdlikheid. Wannear der mear bekend is, kinne jo dat hjir fine.

Fryslân Ferbynt yn it koart

De provinsje set yn 2024 mei in pilotsubsydzjeregeling útein: Fryslân Ferbynt. Dy subsydzje kin troch stichtings en ferienings dy’t aktyf binne yn Fryslân oanfrege wurde. De regeling is foar aktiviteiten en eveneminten dy’t op sneon 22 juny 2024 organisearre wurde. Inisjatyfnimmers kinne fan 16 april 2024 ôf, €500,- subsydzje oanfreegje foar harren aktiviteiten en eveneminten dy’t op 22 juny 2024 holden wurde sille. Der is yn totaal 250.000 euro beskikber en op is op.

It doel fan de Fryslân Ferbynt dei is dat op dy dei yn Fryslân it moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken en behâlden fan frijwilligers sintraal stiet by stichtings en ferienigings. It moat ien dei yn it jier wurde dy’t brûst fan de aktiviteiten yn Fryslân. Koartsein, de Provinsje wol frijwilligers dy’t harren sûnder dêrfoar betelle te wurden foar harren stichting of feriening ynsette, yn it sintsje sette. Derneist kin it ek brûkt wurde om frijwilligers oan te lûken troch in leuke aktiviteit te organisearjen.

Fierder moat in oanfreger om de neikommende saken tinke:

  1. Stichtings en ferienings hawwe eHerkenning2+ nedich om in digitale oanfraach dwaan te kinnen. By in papieren oanfraach is in net-ûndertekene KvK-úttreksel nedich;
  2. Op syn minst 500 euro oan kosten;
  3. De aktiviteit is binnen de grinzen fan de provinsje Fryslân;
  4. De aktiviteit is op sneon 22 juny 2024;
  5. De regeling hat foar dit jier in budzjet fan 250.000 euro, op is op dus wês der gau by.

Mear ynformaasje oer Fryslân Ferbynt kinne jo yn ús regeling fine. Dy fine jo ûnderoan de side.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?

Jo kinne fia ûndersteande linken subsydzje oanfreegje. Nei fiif dagen ferfalt jo ynfolle, noch net ferstjoere formulier.

  • Regio Súdwest Fryslân
  • Regio Súdeast Fryslân
  • Regio Noardeast Fryslân
  • Regio Noardwest Fryslân
  • Regio Waddeneilanden

Komme jo der net út mei it oanfreegjen fia eHerkenning? Wolle jo ús dan belje? Dan stjoere wy in papieren oanfraachformulier nei jo op.

Jo kinne it skriftlik oanfraachformulier hjirûnder downloade en ynfolje.

Evaluearje

De Fryslân Ferbynt dei is der yn 2024 foar ’t earst en dêrom wolle wy sjen oft de regeling ek positive effekten hat foar jo feriening of stichting. Dat giet benammen om hoefolle besikers of dielnimmers oft jo by jo evenemint ferwachtsje en hoe’t jo tinke dat jo aktiviteit of evenemint oan it oanlûken fan frijwilligers bydraacht. Jo folje dat fan tefoaren yn en nei ôfrin fan de Fryslân Ferbynt dei wurdt oan jo frege om in evaluaasjeformulier yn te foljen. It ynfoljen dêrfan leveret de provinsje weardefolle ynformaasje op om te sjen oft de regeling in sukses is.

Help en advys

By it streekkantoar yn jo regio kinne jo terjochte foar advys en help by it dwaan fan jo oanfraach. Jo kinne dêrfoar:

  1. Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omkriten. Dêr sitte belutsen adviseurs om jo te helpen. 
  2. Belje of maile nei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje.