Hilde Kloosterziel
“Yn 2008 bin ik by Provinsje Fryslân oan ’t wurk gien, nei njoggen jier by yngenieursburo Oranjewoud (no Antea Group). Dêr haw ik in soad ûnderfining opdien mei beliedsmjittige en strategyske plannen. Dêrfoar die ik de hbû-oplieding Tún- en Lânskipsynrjochting yn Velp.
Tiim spesjalisten
Ús tiim bestiet út sân oant acht saakkundigen mei ûnderskate spesjalisaasjes, sa as kultuerhistoarje, argeology, ynfra en lânskip. Wy folje inoar moai oan en binne in hecht tiim.
Grutte en lytse projekten
Projekten dêr’t ús advys by frege wurdt, rinne hiel bot útinoar. It kinne grutte ynfraprojekten wêze, lykas de Heak om Ljouwert, de Sintrale As of de Traverze Harns, mar ek sinnefjilden, útwreidingsplannen fan doarpen en stêden, it ynpassen fan nije útwreidings op boerehiemen of it pleatsen fan bushokjes. By al dy plannen en projekten is de romtlike kwaliteit fan belang.
Fjouwer wearden
Romtlike kwaliteit beoardielje wy op fjouwer wearden: werkomstwearde, belibbingswearde, gebrûkswearde en takomstwearde. It útgongspunt by ús advizen is dat dy wearden yn balâns binne. Dy útgongspunten hawwe wy omskreaun yn ’e struktuerfisy Grutsk op ’e Romte. Dat dokumint jout in goed byld fan alle tema’s en wurkgebieten dêr’t ús tiim in advisearjende rol by hat. Grutsk op ’e Romte is foar gemeenten en Provinsje in paadwizer by it ûntwikkeljen fan plannen en projekten.
Romtlike puzel
In wichtich en gefoelich tema yn dizze tiid is de transformaasje fan lanlik gebiet en it plak fan ’e lânbou. Wy wolle in libbensomjouwing mei mear bioferskaat, stikstof ferminderje en ús oanpasse oan klimaatferoaring. Der moat ek romte wêze foar duorsume enerzjy, wenningbou en eksterne berikberens. In soad ûnderskate bestimmingen en belangen dus, in hiele puzel. It nijsgjirrige fan myn funksje achtsje ik om mei-inoar dy romtlike puzel op te lossen. En dan haw ik it net allinne oer it yn ’e mande dwaan mei myn kollega’s, mar ek mei gemeenten, it Wetterskip, natuerorganisaasjes, lânskipsbehear en organisaasjes foar boeren en túnkers.
Objektyf byld
Ús wurk giet net allinne om it ‘moai’ hâlden fan Fryslân. Wy stellen fragen lykas: wêr is it om te rêden op dit plak, wat is de identiteit, wat moat yn stân bliuwe, wat kinne wy trochûntwikkelje, hoe kinne wy soks it bêste ynpasse yn it lânskip en hoe kinne wy nije kwaliteit oan it lânskip tafoegje? Oan ús de taak om dêr in objektyf byld fan te sketsen en in goed advys oer te jaan.”