Portretfoto van Arnold Rosier

“Yn 2009 bin ik begûn by provinsje Fryslân as adviseur ynkeap, fjouwer jier letter bin ik oan de slach gien by Subsydzjesaken om dizze ôfdieling op te bouwen. Dêrnei kaam ik by Omjouwingssaken telâne. Nei in koart skoft by Omjouwingssaken wurke te hawwen, kaam de funksje steategriffier fakant. De foarige steategriffier ferliet de organisaasje, wêrtroch't der yn earste ynstânsje in tydlike ynfolling yntern frege waard. Yntusken bin ik no sawat fiif jier steategriffier. 

Steategriffier

It team fan de griffy bestiet út acht kollega's. Yn myn rol as steategriffier bin ik ferantwurdlik foar de steategriffy. Myn kollega's binne maatskiplik belutsen en polityk sensityf, se witte wat der spilet yn de maatskippij. Mei-inoar soargje wy derfoar dat de folksfertsjintwurdigers harren wurk goed dwaan kinne. Dat dogge wy troch Provinsjale Steaten te stypjen en te advisearjen. De Steategriffy is in kompakte ôfdieling en is rjochte op de polityk. De fokus leit oars as by oare ôfdielingen, om 't wy wurkje foar Provinsjale Steaten.

Steategriffier is in bysûndere funksje, de funksje stiet yn de wet fêstlein, elke provinsje hat ien steategriffier. Troch myn rol haw ik in unike blik op de organisaasje, ik praat geregeld de kommissaris fan de Kening en de algemien direkteur. Dêrtroch kin ik út ferskillende ynfalshoeken wei nei de organisaasje sjen.

De grutste útdaging fan myn funksje is om de demokrasy te beskermjen. Dat makket myn rol aktueel, útdaagjend en dynamysk. 

Politike antenne 

As steategriffier en meiwurker fan provinsje Fryslân fyn ik it wichtich om my bewust te wêzen fan de politike kontekst dêr't de organisaasje him yn befynt. Dizze politike omjouwing is nammentlik altyd oanwêzich. Hjirby is politike sensitiviteit fan belang. Troch yn petear te gean mei kollega's oer wat it betsjut om yn in politike organisaasje te wurkjen, wurdt dit bewustwêzen fergrutte.

Untwikkelingsmooglikheden

Yn myn karriêre by provinsje Fryslân haw ik ferskate funksjes beset. Ik fyn provinsje Fryslân in nijsgjirrige organisaasje dêr't in soad ûntwikkelingsmooglikheden yn binne. Ik fiel my stimulearre om nei te tinken oer myn eigen ûntwikkeling. Dêrby is it wichtich om foar dysels de stap te meitsjen en dy fierder te ûntwikkeljen.

‘Provinsje Fryslân hat in fin mear as in bears’ 

It wurkjen by provinsje Fryslân fyn ik unyk, fanwegen de eigen taal en kultuer. Provinsje Fryslân hat in fin mear as in bears. Ek is de kwaliteit fan libben yn Fryslân heger ten op sichtte fan oare provinsjes. Dizze optelsom makket it moai om hjir te wurkjen. Ik fyn it in wichtige en goede saak om de Fryske taal en kultuer te behâlden en te promoatsjen.

By provinsje Fryslân wurkje yn myn eagen minsken dy't hert en siel hawwe foar Fryslân. Ik bin grutsk op wat de provinsje docht en it jout my foldwaning om by te dragen oan it algemien belang fan Fryslân!”