Marten Kalsbeek
“Fryslân hat mear as 1000 kilometer oan farwegen. En dy wurde yntinsyf brûkt, sawol troch beropsfeart as troch rekreaasjefeart.. Myn wurk bestiet út it tafersjoch hâlden op it brûken fan ús farwegen en as it nedich is dêr op te hanthavenje. Dus as ien bygelyks te hurd fart of net de goede papieren hat om in boat te bestjoeren, of gjin goede ferljochting fiert, kin ik yn it slimste gefal in boete oplizze. Wy binne nautysk hanthavener (Boa’s) op it wetter.
Lyts tiim
Fan it begjin ôf fielde it as in waarm bad; de sfear ûnder de kollega’s is prima. Us tiim bestiet neist njoggen nautyske hanthaveners, út in tiimsjef, plenningsôfdieling, in nautysk adviseur en in juridysk meiwurkster. Myn wurkdei spilet him hielendal oan board fan ien fan ús skippen ôf. Ik fyts geregeld nei It Swettehûs of nei ús lokaasje yn Twellingea en stap dêr oan board. Wy farre altyd mei ús twaen. Njonken tafersjoch hâlde en hanthavenje, ynspektearje wy fisueel ek ús ‘keunstwurken’ lykas brêgen, slûzen, oanlisplakken, wâlbeskoeiïng en betonning. As wy sjogge dat der wat net yn oarder is, of dat der ferlet fan ûnderhâld oan it objekt is, melde wy dat en wurdt soks troch de ferantwurdlike ôfdieling fan provinsje Fryslân oppakt.
Oplieding
By provinsje Fryslân krij ik alle tiid en gelegenheid om opliedings en kursussen te folgjen dêr’t ik foar dizze baan ferlet fan haw. Myn farbewiis hie ik al. It folgjende dat op ’e plenning stiet, is it Grut Farbewiis.
Dreambaan
Ik bin op 01 oktober 2022 úteinset yn dizze funksje by de Provinsje Fryslân. Dêrfoar wurke ik 30 jier by de plysje, de lêste fiif jier dêrfan as dosint. Myn wurkgebiet wie troch hiel Nederlân en ik hie alle dagen lange reistiden. Wat in ferskil mei no! Omdat it wikseljende karakter fan it wurk en it wurkterrein no de Fryske marren en farwegen binne, kinst it as myn dreambaan sjen.
It bysûndere fan dit wurk is dat ik in bydrage leverje mei oan it moai en feilich hâlden fan ús provinsje. Fryslân hat withoefolle moaie plakjes, foaral op it wetter. It is wichtich dat dat sa bliuwt, nettsjinsteande de tanimmende drokte op it wetter. As nautysk hanthavener set ik my boppedat yn foar de feiligens op en om it wetter. Moai én wichtich wurk.”