Esther Heida
“Yn 2015 kaam ik binnendoarren by provinsje Fryslân op ’e ôfdieling kommunikaasje. Hieltyd faker waard ik as kommunikaasjeadviseur behelle yn beliedsmjittige projekten en kaam ik derefter dat ik it politike aspekt tige nijsgjirrich fyn. Ik hie geregeld kontakt mei de bestjoersadviseur en dat like my op termyn in moaie baan. Ik liet fernimme dat ik wol graach trochgroeie woe nei dy funksje en trije jier letter krige ik de kâns. In healjier ferfong ik myn kollega dy’t mei swierensferlof gie as bestjoersadviseur. Ûnderwilens haw ik in fêste oanstelling as koördinator Public Affairs.
Ljouwert, Den Haach en Brussel
Yn myn hjoeddeistige funksje advisearje ik it provinsjale bestjoer ek. Myn wurk is hiel ôfwikseljend; gjin dei is itselde. Ik haw ien kollega mei deselde funksje. Wy hawwe de tema’s ferdield. Ik hâld my dwaande mei mobiliteit, ynfrastruktuer en de ‘griene’ tema’s lykas lânbou, stikstof en feangreide. Fierder hawwe wy yn ’e mande mei Grinslân en Drinte twa minsken yn Den Haach en twa yn Brussel. Dy sitte tichtby it fjoer en hawwe de yngongen by de lanlike en Europeeske oerheid.
Lobbye
De provinsje is dwaande mei in soad ûnderskate projekten tagelyk. As Public Affairs-koördinator sjoch ik wat dien wurde moat om in projekt slagje te litten. It begjint dermei dat ik beoardielje oft der in lobbyfraach is, bygelyks wannear’t regeljouwing knypt of oft der temin jild is. Ik soargje dat ús doelstelling – dus wat wy wolle – helder omskreaun wurdt en wurkje in strategy út om dy doelstelling te heljen. Ik ried alles ta en advisearje sawol de ynhâldlike kollega’s as it kolleezje dêroer. Dêrnei geane ús bestjoerders nei Den Haach of Brussel om de saak te bepleitsjen. Somtiden gean ik mei nei Den Haach en bin it taskôger by it politike ‘spul’. Dat fyn ik tige nijsgjirrich! Ik haw ek wolris in bûtenkânske. Sa mocht ik ris oanskowe by in presintaasje en petear mei Frans Timmermans en mocht ik ús minister-presidint Mark Rutte ynterviewe oer tema’s dy spylje yn Fryslân.
Oparbeidzjen noardlike provinsjes
Mei-inoar stiest sterker! Dêrom arbeidzje wy yn ’e lobby in soad op mei Grinslân en Drinte, as der in mienskiplik belang is. Lykas bygelyks by de Lelyline of op it mêd fan wenjen. As wy yn Den Haach of Brussel wat dat oanbelanget wat foarinoar krije wolle, dan móátte wy as Noard-Nederlân wol mei-inoar sterk wêze.
Wat my grutsk makket: as ik fan it begjin ôf yn in projekt behelle bin en in lobbystrategy útwurkje, sadat de bestjoerders op ’en paad kinne. As wy dan stap foar stap ús doel berikke, jout dat in soad foldwaning.”