Fryske ekonomy

Subsydzjes foar sirkulêre ekonomy, Fryske ûndernimmers en -bedriuwen.

Sirkulêr 

As provinsje wurkje wy safolle mooglik sirkulêr. Dat betsjut dat wy besteande materialen safolle mooglik op 'e nij brûke en wat minder faak kieze foar nij materiaal. Wolle jo in subsydzje-oanfraach yntsjinje? Besjoch dan oft jo bepaalde parten fan jo projekt ek sirkulêr ynfolje kinne. Bygelyks troch âlde materialen in nij libben te jaan of gear te wurkjen mei sirkulêre bedriuwen. Mear ynformaasje oer sirkulêre ekonomy fine jo hjir.