Mkb helberheidsvoucher
Binne jo in mkb'er? En wolle jo de helberens fan jo ynnovative idee hifkje? Dat kin by in noardlike proeftún. Freegje dizze subsydzje oan foar it útfieren fan in helberheidsûndersyk by in noardlike proeftún.
Oanfreegje is mooglik tusken 1 desimber 2023 en 30 novimber 2024 fia Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Hawwe jo as Fryske ûndernimmer in ynnovatyf idee foar de takomst fan jo bedriuw én foar in nóch moaier en sterker Noard-Nederlân?
Dan kin it ferstannich wêze om de helberens fan jo idee earst te hifkjen. Dat kin mei de subsydzje Mkb helberheidsvoucher út it EFRO-programma (Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling).
Mei in helberheidsûndersyk bringe jo yn kaart oft jo ynnovative idee ekonomysk en/of technysk helber is. It fêststellen fan de goede ûndersyksfragen en -oanpak is noch net sa ienfâldich. De Fryske earsteline-organisaasje Ynbusiness kin jo dêrby helpe. Mei help fan in noardlike proeftún fiere jo it ûndersyk út en krije jo antwurden (en kennis) dêr’t jo in beslút mei nimme kinne om wol (of net) fierder te gean mei de ûntwikkeling fan jo idee.
Proeftunen hawwe weardefolle kennis, kunde en fasiliteiten beskikber om noardlike ûndernimmers fierder te helpen mei ynnovearjen. De helberheidsvoucher stipet ynnovative ûndernimmers en de gearwurking mei in proeftún.
Mei dizze subsydzje kinne jo 40% fan de kosten foar jo helberheidsûndersyk (bygelyks oeren, it ynhieren fan in proeftún en materiaal) fergoede krije.
En geane jo fierder mei de ûntwikkeling fan jo idee? Yn ‘e mande mei de proeftún helpt Ynbusiness jo graach fierder by de folgjende ûntwikkelfaze. Sa helpe wy inoar en meitsje we Noard-Nederlân nóch moaier en sterker!
Subsydzje oanfreegje
De Mkb helberheidsvoucher wurdt útfierd troch it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN ). Jo fine op de webside fan SNN fierdere ynformaasje oer de voucher en it oanfreegjen fan de subsydzje.
De subsydzje wurdt mooglik makke troch it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling 2021-2027 | SNN (EFRO).