Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân

Binne jo ynskreaun yn de Keamer fan Keaphannel, fêstige yn de provinsje Fryslân en hawwe jo in kânsryk inisjatyf om oan yntsjinningseasken fan in Europeesk subsydzjeprogramma foldwaan te kinnen? Dan komme jo mooglik foar subsydzje yn oanmerking. Jo kinne ek foar subsydzje yn oanmerking komme as jo organisaasje lid wurde wol fan in besteand Europeesk netwurk, of in nij Europeesk netwurk op te bouwen. 

Fan 1 april 2025 ôf oant en mei 28 febrewaris 2026 is de Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân 2025 iepen. Besjoch hjir de subsydzjeregeling

Yn totaal is der foar dizze perioade € 530.000, - beskikber. Besjoch hjir it iepenstellingsbeslút.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

Om yn oanmerking te kommen foar dizze subsydzje, moatte jo in posityf advys krigen hawwe fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân. Dêrfoar kinne jo kontakt opnimme mei Anne Henk Bloemhoff (programmasekretaris EPF ), e-mail: annehenkbloemhoff@europapact.frl. Sadree't jo in posityf advys krigen hawwe, kinne jo by ús subsydzje oanfreegje. Foar mear ynformaasje ferwize wy jo nei de webside fan it Europapact Jouw kennispartner in Europese projecten - EuropaPact Fryslân

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:

  • eHerkenning 2 + eHerkenning | Fryslan;
  • Posityf advys fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân mei help fan it ynfolle beoardielingsformulier;
  • In begrutting of in offerte;
  • De-minimisferklearring (allinnich fan tapassing by de folgjende aktiviteiten: projektûntwikkeling en flagship projekt);
  • In machtigingsformulier as jo út namme fan in oar oanfraach dogge.

Komme jo der net út mei it oanfreegjen fia eHerkenning? Wolle jo ús dan belje? Dan stjoere wy in oanfraachformulier nei jo op.

Lêze jo de regeling om te sjen foar hokker ûnderdielen der subsydzje oanfrege wurde kin. It is belangryk dat de aktiviteit dêr't jo foar freegje, noch net folslein útfierd is.

Subsydzjebedrach 

De subsydzje bedraacht 100% fan de reële kosten. 

Foar elke aktiviteit jilde de neikommende maksimale bedraggen: 

  1. De subsydzje foar in Projektûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3, earste lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 10.000, -. 
  2. De subsydzje foar Projektoanfraach, lykas neamd yn kêst 3, twadde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 15.000, -. 
  3. De subsydzje foar Netwurkûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3, tredde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 20.000, -. 
  4. De subsydzje foar Lidmaatskip besteand Europeesk netwurk, lykas neamd yn kêst 3, fjirde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 5.000, - foar maksimaal twa jier lidmaatskip. 
  5. De subsydzje foar Boppeslach projekten, lykas neamd yn kêst 3, fiifde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 40.000, - 
  6. De subsydzje foar Wurkbudzjet, bedoeld yn kêst 3, sechsde lid, bedraacht maksimaal € 25.000, -

Subsydzje oanfreegje

Jo kinne jo oanfraach digitaal yntsjinje troch ûndersteand formulier yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.

Freegje hjir de subsydzje oan

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.

Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hawwe jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch foar mear ynformaasje www.fryslan.frl/subsidies en Jouw kennispartner in Europese projecten - EuropaPact Fryslân 

Nei't jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje. 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.