Falorisaasje 2023 Middelgrut (fan € 350.000 - € 800.000)
Makket jo ynnovative projekt ekonomyske en maatskiplike impact op Noard-Nederlân? En drage jo by oan in tûker, griener, sosjaler en ynklusivere regio? Ontwikkel, test en demonstrearje mei dizze subsydzje (€ 350.000 oant € 800.000) in fernijend prototype produkt, tsjinst of proses.
Oanfragen mooglik tusken 9 oktober 2023 en 29 febrewaris 2024 fia Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).
Ynformaasje oer dizze subsydzjeregeling
Mei dizze subsydzje út it EFRO-programma (Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling) daagje wy partijen út om mei goede, ynnovative ideeën en oplossingen te kommen. Foar in tûker, griener, sosjaler en ynklusiver Noard-Nederlân én Europa.
Jo kinne út de Valorisatieregeling wei subsydzje krije foar it ûntwikkeljen, testen en demonstrearjen fan in fernijend prototype produkt, tsjinst of proses.
Dizze subsydzje is yn de basis bedoeld foar mkb ' ers yn Noard-Nederlân. Mar ek oare partijen – fan binnen én bûten de regio – meie meidwaan en in oanfraach yntsjinje. De subsydzje kin oanfrege wurde troch natuerlike ûndernimmersfoarmen, rjochtspersoanen of gearwurkingsferbannen.
Projektfoarstel yn 2 siden
Foar dizze subsydzje moatte jo earst in projektfoarstel yntsjinje, foardat jo in oanfraach yntsjinje kinne. Utlis en ynformaasje oer it projektfoarstel fine jo op dizze side by it SNN.
Subsydzje oanfreegje
De Valorisatieregeling wurdt útfierd troch it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN ). Jo fine op de webside fan SNN fierdere ynformaasje oer de regeling en it oanfreegjen fan de subsydzje.
Dizze subsydzje wurdt mooglik makke troch it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling 2021-2027 (EFRO) en het Just Transition Fund (JTF).