Janneke de Haan
Janneke de Haan, fan orizjine teäterregisseur, sûnt 2022 kollega fan de Fryske Flekspool. Frjemde ein yn de byt of krekt fan tafoege wearde foar it team fan de Fryske Flekspool? Dat lêste hat se rom bewiisd. Janneke: “ Teater streamt troch myn bloed en fan jongs ôf oan bin ik der mei dwaande. Fan myn hobby haw ik myn wurk makke, de ôfrûne jierren wie ik kultureel ûndernimmer en haw ik de moaiste artistike projekten en maatskiplik engazjearre teaterfoarstellingen meitsje mochten.
Graach myn kwaliteiten ynsette yn oerheidslân
Twa jier lyn keas ik bewust foar in nije stap. Yn myn artistike projekten rekke ik al faak tema’s oan dêr’t Fryslân op grutte skaal mei te krijen hat (boer & boarger / kûlizelânskip en de wearde fan natuer / nijkommers ). Ek wurke ik yn soksoarte projekten mei groepen mei ferskillende belangen. Mei altyd de útdaging; hoe krije we noazen deselde kant op?
In soad oerienkomsten
Dy nije stap waard de Fryske Flekspool. Yn de wervingskampanje seach ik eins in hiel soad oerienkomsten mei myn wurk as freelance teaterregisseur. Projekten fan de Flekspool freegje der ek om om mei ferskate groepen ta in droegen plan te kommen. Ik fielde fuort in drive om mei myn teäterblik nei ditsoarte projekten te sjen en dat ynstrumintarium ek yn te setten. Dingen krekt efkes oars oanfleane, kinne foar iepeningen soargje as saken kompleks binne en fêst sitte. It wurk fielt faak as puzeljen, dêr't ik sljocht op bin! Dêrby giet it om tema's dy't my oan it hert gean as Friezinne; bygelyks de enerzjytransysje.
Moed en doar is belangryk
Ik wurkje op it stuit oan twa projekten; de Fryske Oanpak (in gearwurkingsoerienkomst tusken Fryske oerheden) & de Fryske Enerzjytafel, ûnderdiel ‘Mienskip’. By beide projekten kin ik myn ûnderfining út de kulturele sektor goed meinimme; it giet om projekten wêrby't gearwurking sintraal stiet. Gearwurking tusken partijen dy't dat gewoanwei net perfoarst dogge. Dat freget altyd in bytsje moed en doar. Ik fyn it moai om partijen dêrby te begelieden en krekt dat setsje yn 'e rêch te jaan om sa ta moaie gedrage plannen te kommen. Binnen in artistyk proses wurdt it ‘net witte’ omearme, mar binnen de oerheid hat men dêr soms wat eangst foar. Ik fiel mysels yn de oerheid pleitbesoarger fan dit ‘net witten’ en besykje just om eangsten fuort te nimmen troch út te lizzen dat ‘net witte’ hiele moaie ynnovative projekten opsmite kin.
In soad romte foar krekt dy oare oanpak
Ik fiel frijheid om myn wurk op myn manier te dwaan. Der is romte foar in oare oanpak en je fernimme dat dit yn it Fryske oerheidslânskip wurdearre wurdt. It is dochs oars as je bygelyks foar 1 gemeente wurkje. De Fryske Flekspool biedt dy in soarte fan ûnôfhinklike posysje dy't by gearwurkingen tusken ferskate oerheden en maatskiplike partijen winske is. Dêrneist fyn ik it wurkjen as team Fryske Flekspool bysûnder ynspirearjend. It is in ferskate klup dy't inoar moanliks treft en dan bygelyks as tinktank fungearret om takomstige projekten ûnder de loep te nimmen. It hâldt de linen koart en yn projekten kinst inoars weardefolle kennis sa maklik meinimme.
De Fryske Flekspool: Dêr sit muzyk yn!
Oeral wêr't ik kom yn de projekten wurdt de Fryske Flekspool mei lûd jûchheiden ûntfongen. Kinst fernimme dat der yn Fryslân ferlet is fan dy organisaasje, omdat de projekten bytiden behoarlik kompleks wêze kinne en der (te) in soad ferskillende ideeën besteane hoe't saken oan te pakken. It is dan noflik dat de Fryske Flekspool mei in krekt wat oare oanpak komt. ‘Mei lef trochpakke’, dat is wat wy dogge. Mei de Fryske Oanpak rjochtsje wy ús bygelyks op gearwurking binnen de nije omjouwingswet. Dat is foar in soad oerheden noch bêst in riedsel. Hoe wurkest dan tenei tegearre? It is moai om út de Fryske Flekspool ekspertize te bieden om ditsoarte fan gearwurkingen foarm te jaan.