Beslutelist Deputearre Steaten 10 septimber 2024

1.Europabeleid

Europa is net mear fuort te tinken út de werklikheid dêr’t wy yn Fryslân yn libje. Dútslân is ek foar Fryske bedriuwen de wichtichste hannelspartner. Yn de ôfrûne Steateperioade hat in doelfêste ynset op Europa foar Fryslân fertuten dien. Yn it nije koälysje-akkoart is dúdlik keazen foar it fuortsetten en yntinsivearjen fan it Fryske Europa- en Dútslânbelied en dat hat frege om in nije Fryske beliedsbrief. Provinsjale Steaten sille 23 oktober dizze beliedsbrief fêststelle. 

Provinsjale Steaten sille 23 oktober dizze beliedsbrief fêststelle. 

2. Beneaming sjueryleden Gysbert Japicxpriis

Foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025 binne troch Tresoar, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy, de folgjende persoanen foardroegen: Johanneke Liemburg, Sytse Jansma en Ytsje Hoekstra. Neffens it reglemint moat in tredde advyskommisjelid foardroegen wurde út it literêre fjild. Dit is spitigernôch op ‘e nij net slagge. Tresoar hat trije betûfte persoanen oandroegen. Sy binne hjoed troch Deputearre Steaten beneamd.

3. Beliedsregel Natuur Fryslân oanpast op temjittekomming skea troch guozzen 

Deputearre Steaten hawwe besletten om de Beleidsregel Natuur Fryslân 2024 oan te passen op de ûnderdielen dy't te krijen hawwe mei de temjittekomming fan skea troch guozzen. It giet om wizigingen dy't fuortkomme út it nije guozzebelied dat Provinsjale Steaten op 20 maart dit jier fêststelde. Sa wurdt der bygelyks minder eigen risiko ynhâlden by guozzeskea bûten de foerazjeargebieten en komt skea oan it neijiersgers yn guozze-foerazjeargebieten (gers dat yn oktober noch meand wurdt) tenei ek yn oanmerking foar fergoeding. De wizigingen gean per 1 oktober 2024 yn.