22 juny: Fryslân Ferbynt yn Fryslân

Sneon 22 juny is it safier: de earste edysje fan Fryslân Ferbynt. Op dizze sneon binne der troch hiel Fryslân aktiviteiten, dy’t troch ferienings en stiftings organisearre wurde om frijwilligers te lûken en te behâlden. Fryslân is grutsk op har frijwilligers en dat docht ek bliken út it oantal oanfragen dat ynkommen is. Der binne yn de ôfrûne moannen sa’n 300 oanfragen foar Fryslân Ferbynt ynkommen by de Provinsje.

De Provinsje hat sa’n 290 oanfragen stypje kinnen mei yn totaal €145.000,-. De aktiviteiten binne allegear op 22 juny. Deputearre Knol is grutsk op it feit dat der in behoarlik oantal aktiviteiten binne foar de earste edysje fan Fryslân Ferbynt. Deputearre Knol: “Ik sjoch út nei 22 juny en nei in moaie earste edysje fan Fryslân Ferbynt. It sil in dei wêze dat it brûst op in soad plakken yn Fryslân. Ik bin sels ek benijd nei de ferskate aktiviteiten en sil dêrom ek in slach troch Fryslân meitsje om te sjen nei wat stiftings en ferienings ûndernimme op dy dei.”

Fryslân Ferbynt: wêr ‘brûst’ it yn Súdwest-Fryslân

Yn de ferskate plakken binne aktiviteiten op it mêd fan musyk, sport, merken, it opknappe fan materiaal en gebouen en gesellich byinoar wêze. By al dizze aktiviteiten stiet de frijwilliger en it frijwilligerswurk sintraal. Per regio ûndersteand in oersjoch fan it tal aktiviteiten en de lokaasjes dy't op 22 juny plakfine:

Noardwest-Fryslân

Der binne yn' e regio Noardwest-Fryslân yn totaal 95 aktiviteiten. Yn ûnder oare: Frentsjer, Minnertsgea, Berltsum, Grou, Boksum en Easterlittens.

Fryske Waadeilânen

Yn ûnder oare: West-Terschelling, Midsland, Hollum en Nes brûst it. Der binne yn de regio Fryske Waadeilânen yn totaal 8 aktiviteiten. 

Súdwest-Fryslân

Súdwest-Fryslân hat yn totaal 65 aktiviteiten die op 22 juny plakfine. Yn ûnder oare: Harich, Wolsum, Poppenwier, Aldegea, It Heidenskip en Rien.

Noardeast-Fryslân

Yn totaal fine der 72 aktiviteiten plak yn Noardeast-Fryslân. Yn ûnder oare: Ferwert, Mitselwier, Sumar, Gerkeskleaster en Garyp brûst it.

Súdeast-Fryslân

Yn ûnder oare Oosterwolde, It Hearrenfean, Aldeboarn, Oerterp, Wynjewâld en Lippenhuzen fine er aktiviteiten plak. Yn totaal binne der yn Súdeast Fryslân 49 aktiviteiten.

Oersjoch per regio fan alle aktiviteiten tiidens Fryslân Ferbynt

Underoan dizze pagina is de komplete list te finen mei aktiviteiten yn alle regio's fan Fryslân yn it ramt fan Fryslân Ferbynt.