Provinsjale wurkgelegenheidsenkête 2024

Alle jierren sammelet de provinsje wurkgelegenheidsynformaasje. Hjirfoar wurdt in grut part fan de bedriuwen en ynstellings yn Fryslân oanskreaun. De útnûging dêrfoar is foar in part skriftlik en foar in part per mail.

De provinsje hat Ipsos I&O frege de útset fan de fragelisten te fersoargjen. It provinsjale wurkgelegenheidsregister makket mei de oare provinsjes ûnderdiel út fan it lanlike LISA register.

Besjoch de Nederlânsktalige oanbiedingsbrief en/of de Frysktalige oanbiedingsbrief. Aktuele wurkgelegenheidsynformaasje fine jo yn de Steat fan Fryslân. De yngong ta in breed palet oan beliedsynformaasje. Dêr fine jo oersichtlike dashboards, ynformative kaarten, factsheets, ûndersiken of monitoaringsrapportaazjes.