N359 Boalsert-Warkum
Ride jo wolris oer de provinsjale dyk tusken Boalsert en Warkum? En komme jo dan by Tsjerkwert lâns? Dan ride jo oer de provinsjale dyk N359. Dizze dyk pakke we op it stuit oan. De tariedingen, it ferlizzen fan kabels en liedingen, binne yn folle gong. Op dizze side fine jo de lêste ynformaasje oer wat wy wannear útfiere sille.
Foar de simmer is oannimmer BAM Infra úteinset mei de tariedende wurksumheden. Sy hawwe in bypass oanlein, sadat se starte koene mei it oanlizzen fan de ovonde. Tagelyk koene ek kabels en liedings ferlein wurde. De ovonde en de fytsstrjitte binne yntusken al sichtber.
Boalsert – Tsjerkwert (noardlik part)
It ferlizzen fan kabels en liedingen op it stik tusken Boalsert en Tsjerkwert is fertrage. Dêrtroch kinne we op dit stik de ferbreding en it asfaltûnderhâld no noch net útfiere. Wy hawwe derfoar keazen om dizze wurksumheden te ferskowen nei maitiid 2025. Hâld dêrfoar dizze side yn'e rekken.
Krúsing Eemswouderlaan
Op 7 oktober foarsjogge wy wol de krusing fan Eemswoude fan nij asfalt. Dat dogge wy yn twa deidielen:
- Moandei 7 oktober tusken 07:00 oere en 16.00 oere
- Tiisdei 8 oktober tusken 07:00 oere en 16.00 oere
Bewenners út Eemswoude kinne yn de wurksumheden thúskomme fia rydplaten troch de berm. De provinsjale dyk bliuwt mei dizze dagen iepen foar it ferkear.
Krusing Singel, Van Panhuijsweg
Op 7 oktober wurde ek de paralleldiken by Tsjerkwert foarsjoen fan nij asfalt. Dat dogge wy op deselde twa dagen:
- Moandei 7 oktober tusken 07:00 oere en 16.00 oere
- Tiisdei 8 oktober tusken 07:00 oere en 16.00 oere
Ferkearsregelers sille dizze wurksumheden begeliede. By wurksumheden op krusing Singel wurdt bestimmingsferkear fan en nei Tsjerkwert ferwiisd nei de binnendoarrûte fia Blauhús à Wolsum.
By it wurk op de krusing mei de Van Panhuijsweg kin gebrûk makke wurde fan de tydlike ynritten fan de haadrydbaan ôf.
Tsjerkwert – Warkum (súdlike diel)
Op dit part fan de provinsjale dyk kinne de wurksumheden wol klear wurde. We fiere hjir asfaltûnderhâld út. Foar de asfaltwurksumheden is it nedich om de provinsjale dyk twa nachten ôf te sluten:
- Yn 'e nacht fan woansdei 2 oktober 20.00 oere op tongersdei 3 oktober 05.30 oere
- Yn 'e nacht fan tongersdei 3 oktober 20.00 oere op freed 4 oktober 05.30 oere
Bewenners fan Tsjerkwert kinne thúskomme fia de nije ovonde. De dyk sil oerdeis iepen wêze foar ferkear. As dizze wurksumheden klear binne, is de bypass fuorthelle en de ovonde en fytsstrjitte klear.
Wat sille we dwaan?
Wy kombinearje grut ûnderhâld mei it ferbreedzjen fan de dyk tusken Tsjerkwert en Boalsert-Súd. De dyk krijt kwa breedte en belijning de útstrieling dy't past by in autodyk (100 kilometer yn'e oere). Op it stik dêr't de maksimale snelheid 70 kilometer yn de oere is passe we de belijning oan, sadat de belibbing oars is. De parallelwei bouwe wy om ta fytsstrjitte. Automobilisten binne hjir te gast.
De haadrydbaan tusken Tsjerkwert en Boalsert-súd ferbreedzje wy. De dyk krijt kwa breedte en belijning de útstrieling dy't past by in autodyk (100 kilometer yn 'e oere). Op it stik dêr't de maksimale snelheid 70 kilometer yn de oere is passe we de belijning oan, sadat de belibbing oars is. Dizze oanpassingen wurde kombinearre mei ûnderhâld oan de asfaltferhurding. De parallelwei bouwe wy om ta fytsstrjitte. Automobilisten binne hjir te gast.
Ovonde Tsjerkwert
Op krúspunt Tsjerkwert lizze we in ovonde oan. De ovonde befoarderet in legere snelheid en ferkear kin feilich de haadrydbaan opride. Eemswoude is bliuwt wol berikber fan de haadrydbaan ôf, mar allinnich út rjochting Tsjerkwert. Ut Eemswoude wei kin allinnich opriden wurde rjochting Boalsert.
Op'e hichte bliuwe
Wolle jo op'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N 359 Boalsert - Warkum? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteande telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.
Kontakt
Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of troch te beljen nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoaroeren.