Aktualisaasje Natuernetwurk Nederlân 2024

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 12 maart 2024 de Actualisaasje Natuurnetwerk Nederland 2024 fêststeld. Fan 10 april oant en mei 22 maaie 2024 leit de aktualisaasje op besjen en kinne jo in sjenswize yntsjinje. 

Wat is it Natuernetwurk Nederlân? 

It Natuernetwurk Nederlân is it Nederlânsk netwurk fan besteande en nij oan te lizzen natuergebieten. It netwurk moat natuergebieten better ferbine mei-inoar en mei it agrarysk gebiet deromhinne. De provinsjes binne ferantwurdlik foar it Natuurnetwerk Nederland op it lân en It Ryk is systeemferantwurdlik foar de natuer yn de grutte wetters binnen de Rykswetters (bygelyks de Waadsee, Noardsee en de Iselmar ). 

De begrinzging en bepalingen oer it Natuernetwurk Nederlân hat de provinsje fêstlein yn de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022. De geometryske begrinzing is fêstlein op de kaart Natuurnetwerk Nederland yn Taheakke 2.4. 

Digitale kaart wijzigingen 2024

Digitale kaart wizigingen 2024 Dizze kaart jout oan wêr't wizigingen trochfierd binne yn it Natuurnetwerk Nederland. It giet om gebieten dy't taheakke binne, út de begrinzing helle wurde of planologysk wizige wurde. 

Kaart Natuernetwurk Nederlân 2024

As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knoppen rjochtsboppe yn it skerm fan kaartbyld wikselje en de leginda iepenje. Sa kinne jo njonken de wizigingen ek it hjoeddeistige Natuernetwurk Nederlân ynsjen. 

Sjenswize yntsjinje 

Hawwe jo beswier tsjin de wizigingen dy't no foarlizze? Dan kinne jo in sjenswize yntsjinje op de Actualisaasje Natuernetwurk Nederlân 2024, dat jildt allinnich foar de grinswizigingen. Dêr kinne jo gebrûk foar meitsje fan ûndersteand digitaal formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de post stjoere? Dan kinne jo it formulier ûnderoan de side downloade en ynfolje. It postadres stiet op de foarside fan it formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de email ferstjoere, dan kinne jo dy rjochtsje oan: SANL@fryslan.frl

Iepenje it ynspraakformulier

Jo kinne in sjenswize yntsjinje fan 10 april oant en mei 22 maaie 2024. 

As jo jo sjenswize ferstjoerd hawwe krije jo fan de provinsje in ûntfangstbefêstiging, dat kin inkeld dagen duorje. Dêrnei bondelje en beoardielje wy de sjenswizen en ferwurkje se yn in reaksjenota. Op basis fan de reaksjenota stelle Deputearre Steaten de wizigingen Natuernetwurk Nederlân 2024 fêst. Nei it fêststellen krije jo in antwurdbrief mei dêryn de beoardieling fan jo sjenswize. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder. 

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.